Evangeelje fan Filippus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sakramint
No edit summary
Rigel 13:
It '''''Evangeelje fan Filippus''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is ien fan 'e [[gnostyske evangeeljes]], en moat datearre wurde tusken likernôch [[180]] en [[350]]. It is gjin [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] geskrift, want hoewol't it net skreaun is troch de [[apostel]] [[Filippus (apostel)|Filippus]], beweart de tekst dat ek nearne: de titel is in modernenien. It ''Evangeelje fan Filippus'' waard ferlern waand oant der yn desimber [[1945]] tafalligerwize troch twa boeren by it [[Egypte|Egyptyske]] [[Nag Hammady]] in yn it [[Gryksk]] skreaun manuskript fan weromfûn waard, dat mei in stikmannich oare [[gnostisisme|gnostyske]] geskriften, wêrûnder it folle bekendere ''[[Evangeelje fan Tomas]]'', yn in krûk bedobbe lei.
 
Hoewol't de tekst de namme fan [[evangeelje]] draacht, hat it ''Evangeelje fan Filippus'' net folle wei fan 'e [[kanonike evangeeljes]]. It is ek gjin útsprake-evangeelje, lykas it ''Evangeelje fan Tomas'', mar ynstee in samling gnostyske learstellings en bespegelings. De [[sakremintsakramint]]en, yn it bysûnder it sakramint fan it houlik, foarmje dêrby in wichtich tema. It ''Evangeelje fan Filippus'' is miskien noch wol it bekendst om't it in tige iere boarne is foar it ferhaal dat [[Jezus|Jezus fan Nazaret]] troud wie, of alteast in relaasje hie, mei [[Marije Magdalena]]. Neffens it hânskrift wie Jezus Marije Magdalena har ''koinonos'', in wurd dat "selskipsman" betsjut en gauris in yntime, seksuële relaasje ymplisearret. Hoewol't in folgjende (foar mearderlei útlis fetbere) passaazje yn 'e oarspronklike tekst op 'e papyrusrôlen fan Nag Hammady tige skansearre is, hawwe taalhistoarisy it rekonstruëarre ta ''"Jezus hold mear fan Marije Magdalena as fan alle dissipels en tute har faak op 'e mûle."''
 
{{boarnen|boarnefernijing=