Grottekleaster fan Pskov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Grottenkleaster fan Pskov omneamd ta Grottekleaster fan Pskov: gjin tusken-n yn it Frysk by wurden dy't sawol in inkeltals- as in meartalsfoarm hawwe
L red
Rigel 1:
{{stavering}}
{{Ynfoboks bouwurk
| namme = GrottenkleasterGrottekleaster fan Pskov
''Псково-Печерский монастырь''
| ôfbylding = Свя́то-Успе́нский Пско́во-Пече́рский монасты́рь. Успенский пещерный храм.jpg
Rigel 32:
| webside = [https://www.pskovo-pechersky-monastery.ru/ Side fan it kleaster]
}}
It '''Pskov-Petsjory Kleaster''' of it '''Pskovo-Petsjerksy Untsliepenis Kleaster''' ([[Russysk]]: Пско́во-Печ́ерский Успе́нский монасты́рь, [[Estsk]]: ''Petseri klooster'') is in [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|russyskRussysk-otterdokskotterdoks]] kleaster foar muontsen yn [[Petsjory]] yn it oblast Pskov, [[Ruslân]]. It kleaster leit in pear kilometer fan de grins mei [[Estlân]] en lei fan 1920 oant 1945 op it grûngebiet fan dat lân. Dêrmei wist it kleaster te ûntkommen oan de slutingsweach fan kleasters yn de [[Sovjet-Uny]] tsjin it ein fan de jierren 1920. It kleaster bleau as útsûndering op de regel yn de hiele skiednis en ek yn de hiele 20e iuw in bewenne en aktyf kleaster.
 
== Stifting ==
Rigel 42:
== Heechtijdagen fan it kleaster ==
[[File:LebedevKV CarIvan4GrozPrMI.jpg|thumb|left|260px|<center>''"It berou fan Ivan de Ferskriklike"; Ivan frege hegumen Kornelius om him de tonsuer fan it kleaster nimme te litten (Skilderij fan Klavdi Lebedev''</center>]]
Under it bestjoer fan abt Kornelius ûndergyng it kleaster in tiidrek fan grutte bloei. Yn 1541 liet er in refter mei in tsjerke tafoegje, joech er opdracht ta in fergrutting fan de katedraal en liet er mear kleastergrotten útgrave. Under syn bewâld feroare it kompleks ek yn in sterk fort mei stiennen ferdigeningsmuorren (1558-1565) en de poartetsjerke fan de hillige Nikolaas (1564 of 1565). Abt Kornelius, dy't letter de status fan in te ferearjen martler krige, ferstoar yn 1570. Neffens de measte skiedkundigen en de Russysk-OtterdokskeOtterdokse Tsjerke waard er persoanlik troch tsaar [[Ivan de Ferskriklike]] fermoarde, om 't dy de abt fan ferried en it stypjen fan in yn ûngenede fallen prins fertocht. Neffens in [[manuskript]] yn it [[Trije-ienheid-Sergius Lavra]] fûn de moard plak by de poarte fan it kleaster. De tsaar krige fuort spyt fan de moard en droech it deade lichem mei eigen hannen nei de Untsliepeniskatedraal. Sûnt dy tiid wurdt it paad fan de Nikolaastsjerke nei de Untsliepenistsjerke it "Bluodrige Paad" neamd. Ynearsten waard de abt yn de grotten byset, mar letter opgroeven en yn in skryn yn de katedraal te rêste lein.
 
De muorren fan Kornelius holden it kleaster 150 jier feilich en sloegen oanfallen fan [[Poalen|Poalske]] en [[Sweden|Sweedske]] troepen ôf, mar nei de Grutte Noardske Kriich fan 1700-1721 ferlear it kleaster it strategyske belang.
Rigel 53:
 
== Nei de kriich ==
Nei de kriich wiene der noch mar twa aktive otterdokskeotterdokse kleasters op it grûngebiet fan de Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk: it yn 1946 wer iepene Trije-ienheid-Sergius Lavra en it Pskovo Petsjerki-kleaster. Under de nije ferfolgings fan [[Nikita Chrûsjtsjov]] yn de jierren 1960 fersette abt Alipij him mei súkses tsjin it sluten fan it kleaster. Yn syn tiid waarden de muorren, de tsjerken en oare gebouwen renovearre en kamen fan de nazy's stellen keunstwurken nei it kleaster werom. Ek yn de jierren 1980 fûnen der restauraasjes plak.
 
== Tsjerken ==
Rigel 69:
[[File:Печорский монастырь Купола Архитектурные детали.jpg|thumb|left|260px|<center>''De koepels fan de Foarbeatsjerke''</center>]]
== Grotten ==
It hiele kleasterkompleks waard boud oer twa systemen fan grotten[[grot]]ten dêr't tûzenen muontsen begroeven waarden. De tichtebylizzende grotten hawwe in u-foarmich grûnplan en in lingte fan 15 meter. Dêr binne de û.o. de grêven fan de stifter en syn frou te finen fan it kleaster. De [[Barok (styl)|barokke]], mei blauwe en gouden koepels bekroande, Foarbeatsjerke foarmet de tagong fan de grotten. De grot kin in besite brocht wurde en foar it ljocht krije de besikers in kears. De fierderlizzende grotten binne yn prinsipe net tagonklik en besteane út ferskillende tsjerken en sân ûndergrûnske gongen mei in lingte fan likernôch 200 meter . It is it begraafplak fan it kleaster en ek binne dêr yn it ferline fromme leken byset.
{{boarnen|boarnefernijing=
* Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[ru:Псково-Печерский монастырь]]