Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 126:
Yn [[2006]] makke Eastwood, as regisseur en produsint, mar net as akteur, twa films dy't allebeide oer de [[Slach om Iwo Jima]] giene, yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] yn 'e [[Stille Oseaan]]. Foar beide films wurke Eastwood gear mei [[Steven Spielberg]]. De earste, ''Flags of Our Fathers'', gie oer de Amerikaanske [[marinier]]s dy't de [[Amerikaanske flagge]] op 'e top fan 'e [[berch]] de [[Suribachi]] op it eilân [[Iwo Jima]] planten. Yn dy film makke Eastwood syn [[soan]] [[Scott Eastwood|Scott]] syn aktear[[debút]]. Foar ''Flags of Our Fathers'' waard Eastwood nominearre foar in [[Golden Globe]] foar bêste regisseur. De twadde film wie ''Letters from Iwo Jima'', dy't draaide om 'e ûnderfinings fan 'e [[Japan]]ske ferdigeners fan it eilân en de [[brieven]] dy't hja dêrwei nei hûs skreaune. It wie de earste Amerikaanske [[oarlochsfilm]] dy't in [[fjildslach|militêr treffen]] hielendal fanút it perspektyf fan in fijân fan 'e Feriene Steaten sjen liet. Foar ''Letters from Iwo Jima'' waard Eastwood nominearre foar de [[Oscar]]s foar bêste film en bêste regisseur, wylst ek it [[senario]] in Oscarnominaasje krige. De ([[Japansk]]talige) film wûn fierders de [[Golden Globe]] foar bêste film yn in bûtenlânske [[taal]] en waard nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste regisseur. Yn [[2009]] waard Eastwood foar syn bydrage oan 'e ferbettering fan 'e Amerikaansk-Japanske relaasjes troch [[keizer]] [[Akihito fan Japan]] beneamd yn 'e [[Oarder fan de Rizende Sinne]].
 
Yn [[2006]] waard Eastwood troch de [[Kalifornje|Kalifornyske]] [[gûverneur]] [[Arnold Schwarzenegger]] en [[first lady]] [[Maria Shriver]] ynhuldige as lid fan 'e [[California Hall of Fame]], dy't fêstige is yn it [[Kalifornysk Museum foar Skiednis, Froulju en de Keunsten]] yn [[Sacramento (Kalifornje)|Sacramento]]. Begjin [[2007]] ûntfong Eastwood by in seremoanje yn [[Parys]] it [[Légion d'Honneur]], de heechste [[Frankryk|Frânske]] [[boarger]]like [[ûnderskieding]], út 'e hannen fan presidint [[Jacques Chirac]], dy't him by dy gelegenheid fertelde dat er "it bêste fan Hollywood" belicheme. Eastwood krige yn dyselde snuorje ek trije [[earedoktoraten]] útrikt, yn [[2006]] fan 'e [[Universiteit fan de Stille Oseaan]] yn [[Sacramento (Kalifornje)|Sacramento]] en [[San Francisco]], en yn [[2007]] fan it [[Berklee College of Music]] en it [[Monterey Jazz Festival]]. Yn [[2009]] krige er ek in earedoktoraat fan it [[Amerikaansk Film Ynstitút]] en in [[Gouden Earepalm]] op it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes]].
[[File:ClintEastwoodCannesMay08.jpg|right|thumb|180px|Clint Eastwood yn [[2008]] op it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes]].]]