Earmoede: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Sjoch ek: kat oars
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Poor_boy.jpg|right|thumb|250px|Earmoede]]
[[File:Jakarta slumhome 2.jpg|right|thumb|250px|In [[sloppewyk]] yn [[Djakarta]].]]
'''Earmoede''' is in oantsjutting foar de sitewaasje fan lju dy't gjin of mar krap materiële besittings of [[jild]] hawwe. It is in ferskynsel mei in protte ferskillende fasetten, dat sawol [[maatskiplik]]e, [[ekonomy]]ske as [[polityk|politike]] eleminten omfiemet. [[Behoeftigens]] of folsleine earmoede ferwiist nei in brekme oan middels om oan jins [[earste libbensbehoeften]] te foldwaan, lykas [[iten]] en [[drinken]], [[klean]] en [[ûnderdak]]. Behoeftigens is in fêst gegeven en stiet los fan jins lokaasje, wylst fan (relative) earmoede sprutsen wurdt as de ynwenners fan in beskaat lân ûnder in fêststeld [[ynkommensminimum]] libje moatte, dat per lân (of lânsdiel) ferskilt. Earmoede giet gauris mank mei oare problemen, lykas [[honger]] of [[ûnderfieding]], [[sykten]], [[lichaamlike beheining]]s, [[bernestjerte]], [[dakleazens]], brekme oan [[ûnderwiis]] en/of [[sûnenssoarch]], [[diskriminaasje]], [[alkoholisme]], [[drugs]]misbrûk, [[húslik geweld]] en ([[twongen prostitúsje|twongen]]) [[prostitúsje]].