Aagje Deken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
oanf. fan nl:
Rigel 2:
[[Image:Elizabeth Wolff and Agatha Deken.png|thumb|right|Aagje Deken (ûnder) en Betje Wolff.]]
'''Agatha (Aagje) Deken''' ([[Nieuwer-Amstel]], [[1741]] - [[Den Haach]], [[14 novimber]] [[1804]]) wie in [[Nederlân]]sk skriuwster.
 
== Biografy ==
Agatha Deken waard berne yn 1741 yn Nes oan de Amstel, gemeente Nieuwer-Amstel (no Amstelveen). Yn 1745 rekken har âlden wei en waard sy ûnderbrocht yn it kollegianten-weeshûs 'De Oranje Appel' oan de Huidenstraat 2 yn [[Amsterdam]]. Dêr bleau hja oant 1767. Op lettere âldens skreau se yn har "geschrift eener bejaarde vrouw" dêroer: ''"De meisjes hebben het daer voor hunnen stand in de waereld al te wel: men leert haer daer denken!"''. Nei't se út it weeshûs wei wie hie hja ferskate [[Tsjinstfaam|tsjinstbetrekkingen]]. Letter hie se in kofje- en teehanneltsje. Yn 1769 waard Aagje Deken lid fan de Doperske Gemeente yn Amsterdam.
 
Doe't Aagje Deken 29 wie, gie se by har freondinne Maria Bosch yn as sikefersoarchster. Maria Bosch ferstoar yn 1773. Yn 1775 ferskynde de bondel 'Stichtelijke fersen', dy't Deken yn'e mande mei Maria Bosch skreaun hie.
 
Yn 1776 begûn de briefwiksel tusken Aagje Deken en [[Betje Wolff]], dy't doe al in pear wurken op har namme brocht hie. Yn oktober fan datselde jier moeten se inoar foar it earst. Nei't yn 1777 Betjes man, dûmny Wolff, stoar, luts Deken by Wolff yn. Yn septimber 1777 hierden se tegearre in hûske yn [[De Ryp]], en publisearren hja harren earste mienskiplike wurk: ''Brieven''. Yn 1781 urf Deken goed 13.000 gûne en de twa ferhuzen nei yn it bûten ''Lommerlust'' yn [[Beverwyk]]. Se hawwe tegearre noch de ''Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart'', dat in grut sukses waard, en de ''Historie van den heer Willem Leevend'' skreaun.
 
Ut ûnfrede mei de situaasje yn eigen lân (nei it delslaan fan de opstân fan de [[patriotten]] yn 1787) ferhuzen Wolff en Deken yn 1788 nei Trévoux yn [[Boergonje (hartochdom)|Boergonje]]. Yn 1789 ferskynde 'Wandelingen door Bourgogne'.
 
Om reden fan jildkrapte moasten se yn 1797 weromgean nei Hollân, dêr't hja harren yn Den Haach nei wenjen setten. Aagje Deken stoar dêr op it lêst, op 14 novimber 1804, njoggen dagen nei [[Betje Wolff]]. Beide waarden beïerdige op it hôf Ter Navolging yn [[Skeveningen]].
 
== Bibliografy ==
Line 25 ⟶ 36:
 
== Keppelings om utens==
* [httphttps://www.dbnl.orgnl/tekstauteurs/berg018sara01_01/indexauteur.htm 'Sarah Burgerhart en harphp?id=deke001 treddeAagje stim'Deken yn de DBNL]
* [http://www.biografischportaal.nl/persoon/12334928 Biografysk portaal fan Nederlân]
* [https://www.dbnl.org/tekst/berg018sara01_01/index.php 'Sara Burgerhart en haar derde stem'(1981), Willem van den Berg
 
{{DEFAULTSORT:Deken, Aagje}}