Pixie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
Rigel 1:
[[File:TinkerbellDisney.jpg|thumb|right|180px|It [[Walt Disney Animation Studios|Disney]]-[[personaazje]] [[Tinker Bell]] is nei alle gedachten de bekendste ''pixie''.]]
[[File:Page 83 illustration in More English Fairy Tales.png|thumb|]]
In '''''pixie''''' of '''''piskie''''' is in [[mytysk wêzen]] út 'e [[folkloare]] fan [[Ingelân]]. It wurdt foarsteld as in soarte fan [[elf (mytysk wêzen)|elf]], mar dan folle lytser as in [[minske]], ter grutte fan in [[kabouter]] of noch lytser. Yn it [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] wurdt foar sokke wêzens oer it algemien de minder spesifike term '''elfke''' brûkt. ''Pixies'' lykje yn [[Ingelân]] benammen konsintrearre te wêzen op it [[heechfean]] yn 'e [[súdwest]]like [[greefskippen fan Ingelân|greefskippen]] [[Cornwall]] en [[Devon]], wat wiist op in [[Kelten|Keltyske]] oarsprong foar it leauwen yn it bestean fan sokke wêzens. De [[etymology]] fan 'e term ''pixie'' is lykwols ûndúdlik. Guon [[taalkundige]]n hawwe spekulearre oer in ôflieding fan it [[Sweedsk]]e [[dialekt]]yske ''pyske'', dat likernôch deselde betsjutting hat, mar oaren hawwen dêrtsjin ynlein dat it net oannimlik is dat [[Noardgermaanske talen|Noardgermaanske]] [[lienwurd]]en allinnich yn súdwestlik Ingelân ynboargere rekke wêze en oant de dei fan hjoed oerlibbe hawwe soene.