Suderie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 5:
De Suderie rint fan [[Dokkum]] nei [[Iezumasyl]] dêr't hy yn de [[Lauwersmar]] útkomt. De [[Jaarlasleat]] (lokaal: it Jellegat) foarmet de ferbining mei de [[Peazens (wetter)|Peazens]]. De [[Lauwersseewei]] rint tusken Dokkum en [[Mitselwier]] deun de Suderie bylâns. By it oanlizzen fan dy provinsjale wei binne ferskeidene bochten yn de Suderie ôfsnijd.
 
Fan de Suderie rinne ferskate [[opfeart]]en nei de doarpen [[Eastrum]], Mitselwier (de Lange Sleat), [[Moarre]], [[Ie (Dongeradiel)|Ie]] oer [[De Tibben]] (sjoch [[Iester Ryd]]) en fia de [[Moerssleat]] nei [[Eanjum]].
 
By [[Iezumasyl]] stiet it gemaal [[De Dongeradielen (gemaal)|De Dongeradielen]] dy't it wetter út de Suderie yn de Lauwersmar pompt. Troch de [[skutslûs]] kinne boaten fan de Lauwersmar op de Suderie komme.