Skuorbot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skiednis: dy lju fral
No edit summary
Rigel 1:
{{Disclaimer medyske side}}
[[Ofbyld:Scorbutic gums.jpg|thumb|''It blieden fan toskfleis troch skuorbot'']]
'''Skuorbot''' of '''skuorbûk''' (ek wol ''scorbuut'' of asorbinesoerrdefisjinsjeascorbinesoerdefisjinsje) is de namme foar in [[sykte]] dy't it gefolch is fan in lange tiid tekoart oan [[Fitamine C|fitamine-C]], sa't dat yn eardere iuwen by seelju op de [[grutte feart]] in protte foar kaam.
 
== Symptomen en behanneling ==
Symptomen fan skuorbot binne ûnder oaren it opswollenopsetten en blieden fan it [[toskfleis]], bliedingen yn it binnenst fan it lichem, slapteslopte, en stive, pynlike lidden. Op 'en doer folget de dea. De behanneling is lykwols tige ienfâldich: fitamine C jaan, it wurket suver fuortendaliks.
 
Fitamine C is mei ferantwurdlik foar it oanmeitsjen fan [[kollageen]]. Dat is in aaiwyt dat stevigheidstevichheid oan allerhanne weefsels jout. Te min fitamine C jout te min kollageen. It earste ferskynsel dêrfan is it skuorren fan de wand fan de lytse bloedfetten.
 
== Skiednis ==
Der wurdt wol rûsd dat tusken 1500 en 1800 sa'n twa miljoen seelju stoarn binne oan de gefolgen fan skuorbot. Om 1760 hinne ûndersocht de Skotske arts William Stark it effekt fan min iten op himsels; it duorre seis moannen ear't er it mei de dea bekeapje moast.
 
De Britske marineartsmarine-arts [[James Lind]] (1716-1794) wie ien fan de earsten dy't goed ûndersyk die nei it ferbân tusken de symptomen fan skuorbot en it iten fan sitrusfruchten. Lind syn ûndersyk, dêr't er de effektiviteit fan it fruit mei sjen liet, kin beskôge wurde as de earste ''[[randomized clinical trial]]''. Nuver wie wol dat er neat dien hat mei de ûndersyksresultaten. Om de sykte foar te kommen waard lang om let [[Sitroen (vrucht)|sitroensop]] of it goedkeapere limoensop brûkt, wat de Ingelske mariniers de bynamme 'Limeys' besoarge. <ref>Nederlands tijdschrift tegen de Kwakzalverij, Jaargang 118, 2007, nr. 3</ref>
 
Healwei [[18e iuw]] waard ek dúdlik dat it iten fan it goed te bewarjen [[soerkoal]] skuorbot foarkomme koe. Kaptein [[James Cook]] naam op syn reis fan 1768/71 132 liter woartelmarmaladewoartelmarmelade en 45 kilo soerkoal de man mei. Op dy reis stoar net ien oan skuorbot.<ref>{{aut|Bill Bryson}}, ''At home. A short history of private life'' 2010; s. 173</ref>
 
Earder waard ek wol in ôftreksel fan [[leppelblêd]] mei [[jenever]] brûkt.
Rigel 22:
It wurd skuorbot is in ferbastering fan it [[Latyn]]ske ''scorbus''.
 
De stofnamme foar fitamine C is [[asorbinesoerascorbinesoer]], ôflaat fan ''a-scorbus'', wat 'net skuorbot' betsjut.
 
{{boarnen|boarnefernijing=