Súd-Bevelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wwikix (oerlis | bydragen)
Netherlands._Viewed_from_a_U.S._Army_helicopter,_a_Zuid_Beveland_town_gives_a_hint_of_the_tremendous_damage_wrought..._-_NARA_-_541705.tif ferfange troch [[commons:File:Netherlands._Viewed_from_a_U.S._Army_helicopter,_gives_a_hint_of_the_tremendous_damage
Rigel 4:
==Skiednis==
Súd-Bevelân waard yn 'e [[prehistoarje]] wol bewenne, mar nei oerstreamings yn 'e [[trêde iuw|trêde]] en [[fjirde iuw]] rekke it ûntfolke, in sitewaasje dêr't iuwenlang gjin feroaring yn kaam. Pas fan 'e [[alfde iuw]] ôf kamen der nije bewenners en waard it gebiet stikje by bytsje [[ynpoldering|ynpoldere]]. By de [[Sint-Feliksfloed]], fan [[5 novimber]] [[1530]], ferdwûn lykwols in grut part fan it eilân ûnder de weagen, mei as gefolch it saneamde [[Ferdronken Lân fan Súd-Bevelân]] (no ûnderdiel fan 'e [[Easterskelde]]), dêr't in grut tal doarpen en it stedsje [[Reimerswiel (histoaryske stêd)|Reimerswiel]] ([[Nederlânsk]]: ''Reimerswaal'') ferlern giene. By de [[Alderheljenfloed (1570)|Alderheljenfloed fan 1570]] waard it eilân op 'e nije slim troffen.
[[File:Netherlands. Viewed from a U.S. Army helicopter, a Zuid Beveland town gives a hint of the tremendous damage damage wrought... by the flood - NARA - 541705.tiftiff|left|thumb|280px|It leechleine diel fan Súd-Bevelân nei de [[Wettersneedramp fan 1953]].]]
 
De [[njoggentjinde iuw]] wie foar Súd-Bevelân in tiid fan stagnearjende [[ekonomy]] en tebekrinnende wolfeart. Yn [[1866]] kaam it [[Kanaal troch Súd-Bevelân]] ree, en yn [[1868]] krige it eilân in [[spoarwegen|spoarferbining]] mei [[Roazendaal (stêd)|Roazendaal]]. Oan it begjin fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] wie it de bedoeling om as ûnderdiel fan 'e Nederlânske [[Bathstelling]] yn it easten fan Súd-Bevelân de [[Kreekrakpolder]] en de [[Völckerpolder]] ûnder wetter te setten, mar dat mislearre troch lege wetterstannen en in oanhâldende eastewyn. By [[Kapelle (Súd-Bevelân)|Kapelle]], yn it sintrum fan it eilân, waard op [[16 maaie]] [[1940]] slach levere tusken de optsjende [[Dútslân|Dútske]] troepen en [[Frankryk|Frânske]] motorisearre ienheden dy't Nederlân te help kommen wiene. De oare deis waarden 65 sneuvele Frânske militêren troch de pleatslike befolking begroeven. Yn oktober [[1944]] wie Súd-Bevelân fannijs it toaniel fan swiere gefjochten tusken de Dútsers, dy't har op it eilân yngroeven hiene, en de [[Kanada|Kanadezen]], dy't opteagen fanút [[Belgje]]. Oan beide kanten wiene hûnderten deaden fallen ear't de Dútsers wike moasten.