Dar es Salaam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 33:
Dútsk East-Afrika waard under de [[Earste Wrâldkriich]] oerweldige troch de [[Feriene Keninkryk|Britten]] en waard tenei [[Tanganyika]] neamd. Dar es Salaam bleau it bestjoerlik- en hannelssintrum. Under it Britske yndirekte gesach ûntwikkelen harren op ienige ôfstân fan it stedssintrum âparte Europeeske gebieten (bygelyks [[Oyster Bay]]) en Afrikaanske gebieden (bygelyks [[Kariakoo]] en [[Ilala]]). Dêrneist is der ek noch in grutte groep ynwenners dy't in [[Súd-Aazje|Súd-Aziaatyske]] komôf hawwe.
 
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waakse Dar es Salaam hurd yn omfang. Politike ûntwikkelings, wêrûnder de oprjochting en groei fan de [[Tanganyika African National Union]] (TANU), late ta ûnôfhinklikens foar Tanganyika yn desimber 1961. Dar es Salaam bleau de haadstêd, ek doe yn 1964 Tanganyika en [[Sansibar]] byinoar gienen en [[Tanzania]] foarmen. Yn [[1973]] waard [[Dodoma]], in mear sintraal lizzende stêd yn it binnenlân fan Tanzania, oanwêzen as nije haadstêd. Yn 1996 ferhúzeferhuze de Nasjonale Gearkomste nei Dodoma. De ferhuzing is hieltiten noch net klear, in protte regearingsynstânsjes binne noch yn Dar es Salaam, en Dar es Salaam bliuwt Tanzania's belangrykste stêd.
 
Yn augustus [[1998]] die [[Osama Bin Laden]]s [[terrorisme|terroristyske]] organisaasje [[Al Kaida]] in bomoanslach op de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[ambassade]] yn Dar es Salaam.