Hagia Sofia (Istanbûl): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 29:
| tal ferdjippings =
| kosten =
| webside = [https://muze.govgen.tr/muze-detay?SectionId=AYS01&DistId=AYS/topkapi Side museum]
}}
De '''Hagia Sofia''' of de '''Aya Sofia''' ([[Gryksk]]: Ἁγία Σοφία, "Hillige Wiisheid"; [[Latynsk]]: ''Sancta Sophia'' of ''Sancta Sapientia''; [[Turksk]]: ''Ayasofya'') is in eardere eastersk-otterdokske basilika yn it Europeeske diel fan [[Istanbûl]], [[Turkije]]. It wie fanôf de ynwijing yn 360 de [[katedraal]] fan [[Konstantinopel]]. Tusken 1204 en 1261 wie it de katedraal fan it [[Latynske Ryk]]. Dêrnei krige it wer in otterdokske funksje oant de stêd yn 1453 troch [[sultan]] [[Mehmet II]] ferovere waard, dy't de katedraal op 23 maaie 1453 yn in [[moskee]] feroare. It bleau in moskee oant 1934, doe't it gebou ûnder [[Mustafa Kemal Atatürk]] sekularisearre waard. Sûnt dy tiid is de Hagia Sofia in museum (''Ayasofya Müzesi''). It Turkske regear ûnder lieding fan presidint [[Recep Tayyip Erdogan]] stribbet der nei om der wer in moskee fan te meitjsen, in lot dat ek in tal oare histoaryske byzantynske tsjerken stiet te wachtsjen. Op oantrunen fan [[UNESCO]] binne dy plannen noch net útfierd.