Sealen Schaaf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
oanf
Rigel 45:
Yn [[2018]] wie der praat fan dat Sealen Schaaf oan 'e ein fan it jier definityf ticht gean soe, temear om't Ljouwert mei [[Neushoorn]] al in oar (en nijer) needlijend sealesintrum hat. Dêr sette in groep Ljouwerters it tsjin yn 'e kant. Hja rjochten de [[feriening]] Freonen fan Schaaf op, dy't mei it Ljouwerter gemeentebestjoer yn petear gie oer de takomst fan it sealesintrum.<ref name="lc2018"/> Utkomst wie dat Schaaf teminsten oant en mei [[31&nbsp;desimber]] [[2019]] iepenbliuwt. Freonen fan Schaaf fersoarget yn [[2019]] de programmearring, mei as foaroanman [[Bobby Veenstra]], dy't ek yn 'e organisaasje fan it [[muzykfestival]] [[Promised Land Festival|Promised Land]] sit.<ref name="lc2018"/>
 
Yn [[novimber]] [[2019]] stimde de [[gemeenteried]] fan [[Gemeente Ljouwert|Ljouwert]] der op oanstean fan 'e fraksjes fan [[PvdA]] en [[PAL/GrienLinks]] mei yn dat Sealen Schaaf ek yn [[2020]] iepenbliuwe soe. It [[CDA]] kante him dêrtsjin oan, temear om't yn deselde snuorje út in rapport fan it ûndersyksburo KplusV bliken die dat [[Neushoorn]], dat ek troch de gemeente [[subsidiëarre]] waard, lêst ûnderfûn fan it iepenbliuwen fan Sealen Schaaf.<ref>——, ''CDA Leeuwarden vraagt sluiting Zalen Schaaf'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 27 novimber 2019, s. 31.</ref> Yn [[febrewaris]] [[2020]] waard bekendmakke dat Sealen Schaaf [[te keap]] of [[hier|te hier]] kaam, mar net [[sloop]]t wurde mocht. As ferkeappriis stelde it Kolleezje fan B. & W. [[€]]400.000 foar, oanmerklik leger as de boekwearde fan €510.000, mar "in reëel minimum as sjoen wurdt nei de kompleksiteit en de steat fan it gebou." As hierpriis waard €50.000 yn it jier foarsteld, in bedrach dat dan troch de gemeente brûkt wurde soe foar bywurkjen fan efterstallich [[ûnderhâld]].<ref>{{Aut|Boers, Erwin}}, ''Zalen Schaaf te koop, maar niet te sloop'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 12 febrewaris 2020, s. 28.</ref>
 
==Keppelings om utens==