Menameradiel: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L corr using AWB |
PieterJanR (oerlis | bydragen) Unbalanced quotes in ref name |
||
Rigel 49:
[[File:Menaam fan 'e Slappeterpster kant ôf2.jpg|left|thumb|250px|Menaam, sjoen fan 'e [[Slappeterp]]ster kant ôf.]]
It [[plattelân]] fan Menameradiel hie in iepen karakter. It uterste noardeasten makke diel út fan 'e saneamde 'nijlannen', de oanslibbe en tusken [[1200]] en [[1500]] [[polder|ynpoldere]] [[klaai]]grûnen fan 'e âlde [[Middelsee]].<ref name="neff-1791">{{NEfF|1791}}</ref> Mear westlik lei in [[kwelderwâl]] fan [[savel]]ige [[grûn]] dy't fan it súdeasten nei it noardwesten troch de gemeente rûn en 80 sm oant 1.30 m heech is. Dêrop wiene fanôf inkele iuwen f.Kr. [[terp]]en opsmiten dy't letter ta de doarpe-rige [[Deinum]], [[Marsum]], [[Ingelum]] en [[Bitgum]] útwoeksen wiene.<ref name="neff-1791"/> In twadde kwelderwâl rûn fan [[Dronryp]] nei [[Menaam]] en berikt in hichte fan likernôch 1 m.<ref name="neff-1791"/> Menameradiel [[ôfwettering|wettere ôf]] fia it [[Van Harinxmakanaal]], de [[Menamer Feart]] en de [[Berltsumer Feart]]. It Van Harinxmakanaal rint by [[Dronryp]] en [[Deinum]] lâns en snie in lyts súdlik part fan 'e gemeente ôf fan 'e rest.<ref name="neff-1791"/>
===Plakken===
Rigel 55:
== Skiednis ==
Yn it gebiet fan Menameradiel wie al yn 'e [[trêde iuw f.Kr.]] [[terp]]bewenning. Der wiene dan ek in protte [[argeology]]ske fynsten dien, wêrûnder [[kremaasje]]resten út 'e [[Romeinske Tiid]], [[urne]]n en [[pot]]ten út 'e [[Iere Midsiuwen]] en, yn [[Dronryp]], in [[goud]]skat fan fjirtich [[munt]]stikken út 'e [[sânde iuw]].<ref name="neff-1791"/> Yn 'e [[Midsiuwen]] foarme Menameradiel de noardeastpunt fan [[Westergoa]], dêr't de [[Middelsee]] oergie yn 'e [[Waadsee]]. Yn 'e tiid om [[1100]] hinne waard dêr de [[Hegedyk]] oanlein, dy't Westergoa beskerme tsjin 'e [[see]].
[[File:Wegverbetering Dronrijp-Baijum door terp van D. Dijkstra, Hatzum, 16 juli 1934.jpg|left|thumb|250px|Wurk oan 'e wei by [[Hatsum]], tusken [[Dronryp]] en [[Baaium]], [[16 july]] [[1934]].]]
Oarspronklik hearde Menameradiel binnen Westergoa ta de [[Frjentsjerter Fiifdielen]], yn 'e mande mei [[Baarderadiel]], [[Barradiel]], [[Frjentsjerteradiel (1851-1984)|Frjentsjerteradiel]] en [[Hinnaarderadiel]]. Doe't dat gebiet yn 'e rin fan 'e [[fjirtjinde iuw]] útinoar foel, ûntjoech Menameradiel him ta in selsstannige [[gritenij]], dy't yn [[1401]] foar it earst yn in histoaryske boarne as sadanich neamd waard. Mei it tichtslykjen en ynpolderjen fan 'e Middelsee krige Menameradiel der eastlik fan 'e Hegedyk de [[Nijlannen]] by, mar it grutste part dêrfan heart hjoed de dei ta de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]].
Fan 'e [[adel|aadlike]] [[stins|stinzen]] en [[state]]s dêr't Menameradiel yn 'e [[Lette Midsiuwen]] sa ryk oan wie, bleau frijwol neat bewarre. Inkeld it [[Poptaslot]] yn [[Marsum]] bestiet noch, dat datearret fan omtrint [[1500]].<ref name="jansma s. 50">{{Aut|[[Klaas Jansma|Jansma, Klaas]]}}, ''Friesland en Zijn 44 Gemeenten'', Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 50.</ref> Yn 'e [[Tachtichjierrige Oarloch]] fûn op [[17 jannewaris]] [[1586]] by [[Boksum]] de nei dat doarp ferneamde [[Slach by Boksum]] plak, wêrby't in Fryske legerôfdieling ûnder de [[Denemark|Deenske]] [[ofsier]] [[Steyn Maltisten]] ferslein waarden troch [[Spanje|Spaanske]] troepen ûnder [[Juan Baptiste de Tassis]].<ref name="neff-1791"/>
Yn 'e iuwen dêrnei ûntjoech Menameradiel him ta in tige [[wolfeart|wolfarrend]] gebiet. It wie it earste diel fan Fryslân dêr't [[jirpel]]s [[bou|ferboud]] waarden, wêrmei't ien fan 'e grutte súksesferhalen fan 'e [[Klaaistreek|Fryske Klaai]] begûn. Saillant detail wie dat it inisjatyf ta jirpelbou nommen waard troch [[gernier]]s en [[boere-arbeider]]s.<ref name="jansma s. 50"/> Troch de ôfhinklikheid fan 'e jirpels, dy't meitiid ûntstie, sloegen [[plant]]esykten as de [[jirpelsykte]] en ek de [[Lânboukrisis fan 1880]] yn Menameradiel hurd ta.<ref name="jansma s. 50"/> De [[tweintichste iuw]] brocht mei de [[meganisaasje]] fan 'e [[lânbou]] grutte feroarings yn 'e gemeente.<ref name="jansma s. 50"/>
De [[Gritenij Menameradiel]] waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]], nei de ynfiering yn [[Nederlân]] fan de [[Gemeentewet]] fan [[Thorbecke]]. De grutte [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] gie oan Menameradiel foarby om't de gmeente rom boppe de 10.000 ynwenners siet, wat doe as minimum oanholden waard. Op [[1 jannewaris]] [[2018]] gie Menameradiel lykwols by in nije gemeentlike weryndieling yn 'e mande mei [[Frjentsjerteradiel (1984-2018)|Frjentsjerteradiel]], [[It Bilt]] en fjouwer doarpen yn noardlik [[Littenseradiel]] op yn 'e nije fúzjgemeente [[De Waadhoeke]].
|