Earmeskoalle (De Jouwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Overbodige tag
 
Rigel 3:
 
== 1844 ==
De Earmeskoalle waard yn 1843 stifte as twadde iepenbiere skoalle. De earste skoalle, de Boargerskoalle, stie oan de Midstrjitte oan it plein foar [[Heremastate (De Jouwer)|Herema State]] oer.<ref> </ref> Neidat Deputearre Steaten op 28 septimber fan dat jier har tastimming ferliend hie waard de skoalle iepene op 15 jannewaris 1844. De gemeentlike skoalle wie bedoeld foar bern fan âlden dy't it skoaljild fan oare skoallen net betelje koene.
 
De earste direkteur wie Marten Sijbes Maakal.Maakal wie yn 1792 berne en wenne oant april 1814 yn Drachten. Op 22-jierrige leeftyd krige hy de 3e rang. Yn 1824 helle hy de twadde rang as ûndermaster by master Jan Gaauw oan de Midstrjitte. Dêr wurke hy oant hy as skoalhaad beneamd waard oan de Earmeskoalle. Syn lean bestie út ''ƒ''75 fan de [[gritenij]], plus de skoaljilden fan de learlingen. Master Maakal ferstoar yn 1853. De skoalle krige doe salang in waarnimmer.