Suderie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 3:
De '''Suderie''' ek wol '''Súd Ie''' neamd is in wetter yn de gemeente [[Dongeradiel]].
 
De Suderie rint fan [[Dokkum]] nei [[Iezumasyl]] dêr't hyer yn de [[Lauwersmar]] útkomt. De [[Jaarlasleat]] (lokaal: it Jellegat) foarmet de ferbining mei de [[Peazens (wetter)|Peazens]]. De [[Lauwersseewei]] rint tusken Dokkum en [[Mitselwier]] deun de Suderie bylâns. By it oanlizzen fan dy provinsjale wei binne ferskeidene bochten yn de Suderie ôfsnijd.
 
Fan de Suderie rinne ferskate [[opfeart]]en nei de doarpen [[Eastrum]], Mitselwier (de Lange Sleat), [[Moarre]], [[Ie (Dongeradiel)|Ie]] oer [[De Tibben]] (sjoch [[Iester Ryd]]) en fia de [[Moerssleat]] nei [[Eanjum]].
 
By [[Iezumasyl]] stiet it gemaal [[De Dongeradielen (gemaal)|De Dongeradielen]] dy't it wetter út de Suderie yn de Lauwersmar pompt. Troch de [[Slûs Iezumasyl|skutslûs]] kinne boaten fan de Lauwersmar op de Suderie komme.
 
Yn de folksmûle waard de it part fan de Suderie east fan Dokkum ek wol [[Hurdridersgrêft]] neamd, fanwege de riderijen dy't dêr hâlden waarden yn de [[19e iuw]].
 
De namme Súdie liket allinnich te ferklearjen troch in omkeart kaartbyld mei it súden nei boppe keart. Yn'e [[Súdlike Nederlannen]] kaam dat faker foar sa't skynt, yn it Noarden wie it seldsumer. Guon ûndersikers miene dat der earst twa slinken wiene, dy't mei it trochgraven fan in 'wâl' by de [[Reidswâl]] ien wurden binne.
 
== Brêgen oer de Suderie ==
# Easterferlaat yn Dokkum
# Dongeradyksbrêge yn Dokkum
# Reigersbrêge yn Dokkum
# Ryslânsbrêge yn Dokkum
# In foutgongersbrêge yn Dokkum
# Fûgellânsbrêge eastlik fan Dokkum
# Loulânsbrêge eastlik fan Dokkum
# Kowebrêge (mei fytsbrêge), ûnder [[Jouswier]] en de Reidswâl
# Grutte Tille, Reidswâl (sletten foar swier ferkear)
# Witte Brêge, tusken Ie en Eanjum yn de [[Eanjumer Kolken]]
# In fuotgongersbrêge by in gemaaltsje yn de Eanjumer Kolken
# Saatsenbrêge westlik fan [[Dykshoarne]]
# Brêge yn Iezumasyl
 
== Súd Ie en Wetterfront Dokkum ==
Simmer [[2013]] hawwe it [[Waadfûns]], de [[provinsje Fryslân]], de gemeente [[Dongeradiel]], [[Wetterskip Fryslân]] en oare partijen totaal [[€]] 19,1 miljoen ta foldwaan jûn om de earste faze fan it programma 'Súd Ie en Wetterfront Dokkum' moogelik te meitsjen. Yn it ramt fan it plan sille de grêften yn Dokkum en de Súd Ie baggere wurden enwurde, brêgen ferhege wurde om de plezierfeart fan Dokkum nei de Lauwersmar fuort te sterkjen. en sil it âlde jaachpaad opnij oanlein wurde <ref> Ljouwerter Krante (2019), ''Noardeast-Fryslân krijgt 3,5 miljoen euro om jaagpad en stadsgrachten aan te pakken'', sjoen 24 jannewaris 2020</ref> <ref>[http://www.dongeradeel.nl/gemeente-dongeradeel/sad-ie_3109/ Projekt Suder Ie op it webstee fan Dongeradiel] <small>(deade link)</small></ref>. Teffens is der in soad omtinken foar it ferbetterjen fan wetter en iggen foar [[floara]] en [[fauna]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=