C.S. Lewis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 29:
===Jonkheid===
Lewis waard berne yn it noarden fan Britsk [[Ierlân (eilân)|Ierlân]] en stie ek te boek as [[Ieren (folk)|Ier]], mar syn foarâlden wiene fan [[Wales]]. Heit wie de earste fan de famylje dy't trochleare koe en wie [[abbekaat]]. Syn mem wie in dochter fan in [[Anglikaanse Tsjerke|anglikaanske]] [[dûmny]].
Lewis lies in protte yn syn jonkeheid en tegearre mei syn trije jier âldere broer Warren Hamilton (Warnie) skreau er al op jonge jierren fantasyferhalen mei selsmakke yllustraasjes. As bern mocht er syn namme net lije en rillegau neamde er himsels Jack. Warnie en Clives freonen hawwe him dêrnei altyd sa neamd. Hy hie in lokkige jeugd oant syn mem oan [[kanker]] stoar. In moanne letter, hy wie doe tsien jier., moast er nei [[kostskoalle]]n, Wynward School yn [[Warford]], Ingelân (septimber 1908 – juny 1910), Campbell College yn Belfast (septimber–desimber 1910), Cherbourg School yn Malvern (jannewaris 1911–juny 1913) en Malvern College (septimber 1913–juny 1914). Yn syn autobiografy ''Surprised by Joy'' (1955) skriuwt er oar it leafdeleaze en yntellektueel ôfstompendeôfstompjende miljeu op dy skoallen. Yn ''The Silver Chair'' (1953, ien fan de sân boeken út de kroniken fan Narnia) ferwiist er ûnferhoalen nei dy episoade út syn libben.
 
=== Stúdzjetiid en oarloch ===