Robert Forster (akteur): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 28:
Yn 'e [[1970-er jierren]] wie Forster op it [[wite doek]] fral te sjen yn [[byrol]]len yn [[B-film]]s, wêrûnder ''The Black Hole'' ([[1977]]), fan [[Walt Disney Pictures|Disney]]. Mar op 'e [[tillefyzje]] hied er fan [[1971]] oant [[1973]] de [[haadrol]] yn 'e [[plysjesearje]] ''Banyon''. Ek yn 'e searje ''Nakia'' ([[1974]]) fertolke er in haadrol. Yn 'e [[1980-er jierren]] hie Forster haadrollen yn B-films, sawol [[aksjefilm]]s as [[horrorfilm]]s, lykas ''Alligator'' ([[1980]]), ''Vigilante'' ([[1983]]) en ''The Banker'' ([[1989]]). Yn ''The Delta Force'', út [[1986]], spile Forster de [[Libanon|Libaneeske]] [[terrorist]] Abdul Rafai, ien fan syn bekendere rollen. Yn deselde tiid hie Forster op 'e tillefyzje benammen [[gastrol]]len yn [[tillefyzjesearje|searjes]] as ''[[Magnum, P.I.]]'', ''Murder, She Wrote'', ''William Tell'', ''Jake and the Fatman'' en ''Walker, Texas Ranger''.
 
Yn [[1997]] spile Forster syn bekendste rol op it wite doek as Max Cherry, de eigner fan in [[boarchlieningsburo]], yn [[Quentin Tarantino]] syn film ''Jackie Brown'', mei û.o. [[Pam Grier]], [[Robert De Niro]], [[Bridget Fonda]] en [[Samuel L. Jackson]]. Forster waard foar dy rol nominearre foar sawol in [[Oscar]] as in [[Saturn Award]], beide yn 'e [[kategory]] bêste manlike [[byrol]]. Hy soe letter de dêropfoljende oplibbing fan syn aktearkarriêre taskriuwe oan syn optreden yn ''Jackie Brown''. Neitiid waard er nammentlik frege foar rollen yn bekende films as ''Me, Myself & Irene'' ([[2000]]), ''Mulholland Drive'' ([[2001]]), ''[[Charlie's Angels: Full Throttle]]'' ([[2003]]) en ''Lucky Number Slevin'' ([[2006]]).
 
Op 'e tillefyzje spile Forster yn dy snuorje yn 'e [[tillefyzjefilm]] ''The Hunt for the BTK Killer'' ([[2005]]) de [[resjersjeur]] dy't [[searjemoardner]] [[Dennis Rader]] op 'e hakken sit. Fierders hied er yn 'e [[misdiesearje]] ''Karen Sisco'' ([[2003]]-[[2004]]), dy't krekt as ''Jackie Brown'' basearre wie op in [[roman]] fan [[Elmore Leonard]], de rol fan 'e heit fan resjersjeur Karen Sisco. Ek fertolke Forster [[gastrol]]len yn searjes as ''Desperate Housewives'', ''CSI: New York'' en ''Alcatraz'', en liende er syn [[stim]] oan in gastpersonaazje yn in ôflevering fan 'e [[tekenfilmsearje]] ''[[The Simpsons]]''. Forster hie in [[weromkearende rol]] as Arthur Petrelli yn tsien [[ôflevering]]s fan 'e searje ''Heroes'' ([[2007]]-[[2008]]), wêrfoar't er nominearre waard foar in [[Saturn Award]] yn 'e kategory bêste gastrol.