Carrie Fisher: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Flag_of_Northern_Ireland.svg ferfange troch Ulster_Banner.svg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 2 (meaningless or ambiguous name) · The
red
Rigel 32:
Yn 'e tuskentiid spile Fisher yn [[1987]] yn 'e [[Austraalje (lân)|Australyske]] film ''The Time Guardian''. Yn [[1989]] hie se in [[byrol]] yn ''When Harry Met Sally...'' en spile se mei [[Tom Hanks]] yn ''The 'Burbs''. Yn 'e [[1990]]-er jierren wie Fisher te sjen yn films as ''Drop Dead Fred'' ([[1991]]), ''This Is My Life'' ([[1992]]) en ''Austin Powers: International Man of Mystery'' ([[1997]]). Yn datselde [[desennium]] skreau se ek de [[roman]]s ''Surrender the Pink'' ([[1990]]) en ''Delusions of Grandma'' ([[1993]]). Fierders waard se fan 'e njoggentiger jierren ôf beskôge as ien fan 'e bêste '[[skriptdokter]]s' fan [[Hollywood]]: ien dy't senario's fan oare skriuwers byskaafde of omwurke ta in foarm dêr't de filmprodusinten wat yn seagen. Sa wie se belutsen by de tastânkomming fan 'e senario's fan 'e films ''Lethal Weapons 3'' (wêryn't se in diel fan 'e [[dialooch]] fan [[Rene Russo]] skreau), ''Outbreak'', ''The Wedding Singer'' en de ûnderskate dielen fan 'e twadde ''Star Wars''-trilogy, mar ek fan 'e [[tillefyzjesearje]] ''The Young Indiana Jones Chronicles''.
 
Yn [[2000]] wie Fisher yn 'e [[horror]]film ''Scream 3'' te sjen yn 'e rol fan in âld-aktrise, en datselde jiers hie se in [[gastrol]] yn in [[ôflevering]] fan 'e [[tillefyzjesearje]] ''Sex and the City''. Yn [[2001]] spile se in [[non]] yn 'e komeedzje ''Jay and Silent Bob Strike Back'' en yn [[2003]] hie se in [[cameo]] as [[mem-oerste]] yn 'e [[aksjekomeedzje]] ''[[Charlie's Angels: Full Throttle]]''. Ek wurke se mei oan it senario fan 'e tillefyzjefilm ''These Old Broads'' (2001), wêryn't de haadrollen spile waarden troch har mem [[Debbie Reynolds]], [[Elizabeth Taylor]], [[Joan Collins]] en [[Shirley MacLaine]]. Yn [[2004]] publisearre se it boek ''The Best Awful There Is'', in ferfolch op ''Postcards from the Edge''. Fan [[2005]] oant [[2016]] wie Fisher as [[stimakteur]] belutsen by de [[tekenfilm]]searje ''Family Guy'', wêryn't se yn tweintich [[ôflevering]]s Angela spile, de baas fan haadpersoan Peter Griffin. Fierders wie se sûnt [[2007]] as [[kommentatrise]] behelle yn 'e [[film]]rubryk ''The Essentials'', fan [[presintator]] [[Robert Osborne]], dy't op 'e [[sneon]]tejûnen op 'e [[tillefyzjestjoerder]] [[Turner Classic Movies]] útstjoerd waard.
[[File:Carrie Fisher by Gage Skidmore.jpg|right|thumb|180px|Carrie Fisher mei [[bandana]], yn [[2012]].]]
 
Rigel 40:
 
Datselde jiers kaam krekt foar de [[kryst]] de langferwachte sânde ''Star Wars''-film út, ''Star Wars: Episode VII – The Force Awakens'', wêryn't Fisher op 'e nij prinsesse Leia spile, en weriene waard mei [[Mark Hamill]], [[Harrison Ford]], [[Peter Mayhew]], [[Anthony Daniels]] en de rest fan 'e [[cast]] fan 'e oarspronklike trilogy. Foar dy rol waard se yn [[2016]] nominearre foar in [[Saturn Award]] yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. Se publisearre yn [[novimber]] [[2016]] in twadde [[autobiografy]], mei as titel ''The Princess Diarist'', dy't basearre wie op 'e [[deiboek]]en dy't se byholden hie ûnder de produksje fan 'e oarspronklike trije ''Star Wars''-films. Omtrint dyselde tiid foltôge Fisher de opnamen foar ''Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi''. Yn 'e ''Star Wars''-film ''Rogue One'', dy't oan 'e ein fan dat jier útkaam, wie in jonge prinsesse Leia te sjen, mei't dy film in [[prequel]] fan 'e oarspronklike ''Star Wars''-films is. Fisher hie oan 'e produksje part noch diel, mei't dizze prinsesse Leia poere [[kompjûteranimaasje]] is. Fanwegen Fisher har hommels [[ferstjerren]], koarte tiid letter, waarden fraachtekens pleatst by de rol fan prinsesse Leia yn ''Star Wars: Episode IX'', wêrfan't de opnamen doe noch net úteinset wiene.
[[File:Carrie Fisher at UK premiere of Force Awakens.jpg|left|thumb|180px|Carrie Fisher yn [[2015]] op 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] [[premiêre]] fan ''The Force Awakens'', yn [[Londen]].]]
 
===Priveelibben===
====Leafdeslibben====
Yn har [[autobiografy]] ''The Princess Diarist'' makke Fisher yn [[2016]] bekend dat se yn [[1976]], ûnder de opnamen fan 'e earste ''Star Wars''-film, in fearnsjier lang in geheime [[românse]] ûnderhold mei har [[tsjinspiler]] [[Harrison Ford]], dy't op dat stuit noch [[troud]] wie mei Mary Marquardt. Fan [[1977]] oant [[1983]] gie se om mei [[sjonger]] [[Paul Simon]], mei wa't se ek op 'e set fan earste ''Star Wars''-film yn 'e kunde kommen wie. Yn [[1980]] wie se in hoartsje [[ferloofd]] mei de [[Kanada|Kanadeeske]] akteur [[Dan Aykroyd]], dy't har op 'e set fan ''Blues Brothers'' frege om mei him te [[trouwen]]. Uteinlik briek Fisher de [[ferloving]] lykwols ôf doe't sy en Simon op 'e nij wat krigen. Yn [[augustus]] [[1983]] troude se ek mei Simon, mar dat [[houlik]] rûn al binnen in jier, yn [[july]] [[1984]], op in [[skieding (houlik)|skieding]] út. Under har houlik wurke Fisher mei oan 'e [[fideoklip]] fan Simon syn [[liet|nûmer]] ''Rene and Georgette Magritte with Their Dog after the War''. Simon syn [[liet]] ''Hearts and Bones'' giet oer syn [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] mei Fisher.
[[File:Carrie Fisher at UK premiere of Force Awakens.jpg|left|thumb|180px|Carrie Fisher yn [[2015]] op 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] [[premiêre]] fan ''The Force Awakens'', yn [[Londen]].]]
 
Nei har skieding hie Fisher fan [[1991]] ôf in jierrenlange relaasje mei [[ympressario]] [[Bryan Lourd]], de [[direkteur]] fan it [[Creative Artists Agency]]. Mei him krige hja in [[dochter]], [[Billie Catherine Lourd]], dy't [[berne]] waard op [[17 july]] [[1992]]. Hoewol't Fisher Lourd omskreau as har 'twadde [[oarehelte|man]]', wie der nea sprake fan in formeel houlik. Uteinlik ferliet Lourd har om in relaasje mei in [[man (sekse)|man]] te begjinnen. Yn [[2003]], doe't Fisher nau gearwurke mei de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[sjonger]] [[James Blunt]] oan in [[album (muzyk)|album]] fan dyselde mei as titel ''Back to Bedlam'', waard der yn 'e [[rabbersblêd|rabbersparse]] oer spekulearre dat sy beiden in [[românsje|ferhâlding]] hawwe soene, eat dat Fisher ûntstried.
 
Op [[6 febrewaris]] [[2005]] waard de [[lobby]]ist R. Gregory Stevens [[dea]] by Fisher thús oantroffen. By de [[lykskôging]] waard fêststeld dat de man [[ferstoarn]] wie oan gebrûk fan [[kokaïne]] en [[medisinen]] yn kombinaasje mei in [[diagnoaze|net-fêststelde]] [[hert]]krupsje. Yn 'e [[media]] waard sprutsen fan in "oerdoazis", mar dat [[wurd]] kaam net foar yn it offisjele lykskôgingsrapport. De dea fan Stevens griep Fisher slim oan, en letter sei se yn in [[fraachpetear]] dat se leaude dat de [[geast]] fan Stevens yn har [[filla]] [[spûk|omspûke]]. Troch de [[stress]] dy't dat opsmiet, ferfoel se wer ta drugsgebrûk.
[[File: SDCC_2015_-_Carrie_Fisher,_Mark_Hamill_&_Harrison_Ford_(19060574883).jpg|right|thumb|250px|Carrie Fisher yn [[2015]] mei har ''[[Star Wars]]''-kollega's [[Mark Hamill]] en [[Harrison Ford]].]]
 
====Manysk-depressiviteit en drugsferslaving====
Yn lettere jierren spriek Fisher ferskate kearen frij-út en yn it iepenbier oer har [[manysk-depressiviteit]] en har [[drugsferslaving]], eat dêr't se rûnom lof foar taweaun krige. Sa wie se te sjen yn in [[ôflevering]] fan 'e [[praatprogramma]] ''20/20'', op 'e Amerikaanske stjoerder [[ABC (Amerikaanske stjoerder)|ABC]], en teffens wurke se mei oan 'e [[dokumintêre]]searje ''The Secret Life of the Manic Depressive'', fan 'e Britske [[presintator]], [[akteur]] en [[komyk]] [[Stephen Fry]], dy't sels ek mei manysk-depressyf is. Fisher lei yn dy programma's út dat har misbrûk fan [[drugs]] en [[medisinen]] in foarm fan [[selsmedikaasje]] wie om 'e skerpe kantsjes fan it manyske aspekt fan har [[krupsje]] ôf te heljen. Deselde ûnderwerpen kamen ek oan bod yn har [[autobiografy]] ''Wishful Drinking'', út [[2008]].
[[File: SDCC_2015_-_Carrie_Fisher,_Mark_Hamill_&_Harrison_Ford_(19060574883).jpg|right|thumb|250px|Carrie Fisher yn [[2015]] mei har ''[[Star Wars]]''-kollega's [[Mark Hamill]] en [[Harrison Ford]].]]
 
Yn [[2008]] sei Fisher yn it praatprogramma ''Today'', op 'e stjoerder [[NBC]], tsjin presintator [[Matt Lauer]] dat se de rol fan prinsesse Leia ôfslein hawwe soe, as se foar it ferstân hân hie dat se dêrtroch krekt like ferneamd wurde soe as har [[âlden]], wylst se sjoen hie hoe dreech oft dat harren libbens makke. Itselde jiers ferskynde se ek yn ''The Late Show'', dêr't iepenhertich fertelde oer de [[elektroshockterapy]] dy't se yn dy snuorje om 'e seis [[wike]]n ûndergie om ''"it semint yn myn harsens op te blazen"''. Yn in oar [[fraachpetear]] bychte se op dat se ûnder de opnamen fan ''The Empire Strikes Back'' oan 'e [[kokaïne]] wie. ''"Stadichoan,"'' sa sei se, ''"begûn ik te beseffen dat ik wat langer wat mear drugs brûkte as oare lju en dat ik myn frije kar om al of net te brûken oan it ferliezen wie."'' Yn [[1985]], doe't se moannenlang net brûkt hie, naam se by fersin in oerdoazis troch foarskreaune medisinen mei [[slieptablet]]ten te kombinearjen. Fisher waard doe mei de [[ambulânse]] nei it [[sikehûs]] ôffierd, en de neisleep fan dat foarfal foarme fierhinne de basis foar har roman ''Postcards from the Edge''. Doe't har letter frege waard wêrom't se sels yn 'e [[ferfilming]] fan dat boek net de rol fan 'e [[haadpersoan]] Suzanne spile hie, antwurde se: ''"Ik hie Suzanne alris spile."''