Nearo Klaudius Drusus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
 
Rigel 16:
Omdat er it nij oermastere gebiet goed yn de knipe hâlde woe, hat er in keatling fan wachtposten en legerplakken oanlizze litten. Lâns de Ryn hawwe dat mear as 50 west. Oaren hat er bouwen litten lâns de [[Iems]], [[Weser]] en [[Elbe]]. Ek liet er de [[Drususgrêft]] oanlizze en om de tafier fan wetter goed regelje te kinnen, liet er by de splitsing fan de [[Ryn]] en de [[Waal]] de '''Drususdaam''' bouwe. <ref>H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 33''.</ref> De [[Germanen]] hawwe dy daam letter ferwoaste.
 
Yn [[9 f.Kr.]] marsjearre Drusus foar de fjirde kear de Ryn oer Germaanje yn. Hy luts troch it gebiet fan de [[Sjatten]] en [[Sueben]] nei dat fan de [[Sjerusken]], yn it streamgebiet fan de [[Midden-Weser]]. Neidat er dy rivier oerstutsen hie, berikte hy de ouwer fan de [[Elbe]] en makke him ree foar de weromreis. Noch djip yn it Germaanske gebiet bruts er by in fal fan syn hynder e kûtbonke en rûn derby bloedfergiftiging. Neffens [[Suetonius]] beswykte hy 30 dagen letter oan de gefolgen dêrfan yn in tydlik simmerkamp.
 
Nei syn dea yn [[Mainz]] waard Drusus op talrike plakken troch de Romeinske legioenen yn [[Boppe-Germaanje]] en [[Neder-Germaanje]] fereare. De „Drususstien“ yn Mainz (doe noch: Mogontiacum) is nei alle gedachten in oerbliuwsel fan in tige grut monumint dat oprjochte waard foar Drusus.