Oerlis:Myanmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 2:
It regear fan Birma hat yn 1988 de namme fan it lân yn Myanmar feroare. Nederlân erkent dizze feroaring, wy sprekke yn it Nederlânsk gewoanwei dus ek fan Myanmar. Is der in goede reden om dit yn it Frysk net te dwaan? Myanmar stiet gewoan yn it Frysk Hânwurdboek. Iksels sis ek altyd Myanmar en brûk de namme Birma eins noait. Myn foarstel: feroarje de namme yn Myanmar en beneam Birma as alternative/ferâldere foarm. [[Meidogger:PDZ124169|PDZ124169]] ([[Meidogger oerlis:PDZ124169|oerlis]]) 20 feb 2020, 22.40 (CET)
:Dêr bin ik it net mei iens. Persoanlik fyn ik Birma in folle bekendere namme as 'Myanmar', mar los dêrfan is it yn elts gefal in foarm dy't yn it Frysk folle makliker ferbûgd wurde kin as Myanmar. It stiet fansels elts regear fan in lân frij om in oare namme te kiezen, mar ik sjoch net yn wêrom't je sokke nije nammen yn it Fryk oernimme moatte soene. Finlân hjit eins ek ''Suomi'', en Grikelân hjit eins ''Hellas''; dêr geane we dochs ek net yn mei? En it regear fan Swazylân hat ferline jier de namme ''Swaziland'' feroare yn ''Eswatini''. Ik sjoch gjin inkele reden om sokke ûnFryske nammen yn it Frysk oer te nimmen as der al in prima alternatyf bestiet. Eltsenien wit wol wat der mei 'Swazylân' of 'Birma' bedoeld wurdt, en oars kin er it yn it artikel lêze. Salang't der yn 'e ynlieding dúdlik fermeld wurdt wat de offisjele namme is, liket my ta dat der gjin misferstân ûntstean kin. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 20 feb 2020, 22.53 (CET)
 
Yn myn eagen is Birma dochs echt wol in ferâldere namme. Ik hie der foar in petear dat ik hjoed mei ien hie noch nea fan heard, wylst Myanmar my wol bekend wie. Yn de iennichste Fryske teksten dêr't ik de namme Birma sjoch (nei in flugge sykopdracht by Google) wurdt it beneamd as alternative foarm fan Myanmar. Op taalweb.frl krij ik ik "neat fûn" wannear't ik op Birma sykje. Yn myn eagen is der ek neat dreech oan de ferbûgings Myanmareesk(e), Myanmarees (man), Myanmarese (frou). De nammen Birma en Myanmar ha beide gjin Fryske oarsprong, dus dat liket my gjin argumint om it ien boppe it oar te kiezen. Hjir en dêr sjoch ik yn it Nederlânsk wol de namme Birma, mar dat is by útsûndering. Myanmar liket yn de praktyk fan alle kanten de standert te wêzen. It liket my dat wy dat we safolle mooglik by dy praktyk oanslute moatte. [[Meidogger:PDZ124169|PDZ124169]] ([[Meidogger oerlis:PDZ124169|oerlis]]) 20 feb 2020, 23.26 (CET)
Werom nei de side "Myanmar".