Oyten (gemeente): ferskil tusken ferzjes

gemeente
Content deleted Content added
út oare talen
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 feb 2020 om 15.59

Oyten (Platdútsk Eiten) is in gemeente yn it distrikt Verden fan de dielsteat Nedersaksen. De gemeente waard neamd nei it doarp mei deselde namme, dat no de kearn foarmet. By Bremen is er is te finen op in geastrêch oan de rjochterside fan de Weser. Hy wurdt yn it noarden begrinzge troch it rivierke de Wümme.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Gemeente Oyten
Lizzing yn distrikt Verden
Lizzing yn distrikt Verden
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Verden
Boargemaster Manfred Cordes (SPD)
Sifers
Ynwennertal 15.673
Oerflak 63.44 km2
Befolkingsticht. 250/km2
Hichte 21 m
Oar
Postkoade 28876
Tiidsône CET(UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Koördinaten 53°40´N 09°04´E
Offisjele webside
www.oyten.de

Ynwenners it doarp

  • Bassen (3318 Ynwenners)
  • Bockhorst (1037 Ynwenners)
  • Meyerdamm (508 Ynwenners)
  • Oyten-Nord (2483 Ynwenners)
  • Oyten-Süd (5702 Ynwenners)
  • Oyterdamm (248 Ynwenners)
  • Sagehorn (1773 Ynwenners)
  • Schaphusen (533 Ynwenners)

(30 juny 2016)

Buorgemeenten

De Stêd Bremen leit bewesten, de flekke Ottersberg benoarden en beëasten en de stêd Achim besuden Oyten.

Namme

De histoaryske feriening fan Oyten giet derfan út dat de foarm Oyten fan oarsprong út it Frysk komt. De namme soe krekt as it stedsdiel Oythe yn Vechta, de stêd Friesoythe en ek it dêrnjonken lizzende Altenoythe in oantsjutting wêze foar in “hichte by wetter” of in geast. Oyten leit op in geastrêch fan ienentweintich meter hichte dy’t hjir njonken de rivier de Weser leit. De nammekundige Jürgen Udolph ûntduts, dat yn it jier 1189 de namme "Oita" brûkt waard. Foar 1204 fûn er "Oythe" en oan it begjin 14e iuw wie der sprake fan "Oiten".

Iere bewenners

Yn Wischbruch, oan de igge fan it eardere streamke de Eyter, waarden by in buorkerij urnen fûn. Dêr lei tusken de “Lindenstraße” en de buorskip in urnehôf út de foar-Romeinske tiid fan 700 f. Kr. oant it begjin fan de jiertelling.

Tsjerke

 
Tsjerke fan it doarp Oyten

De Evangelyske Sint-Petritsjerke yn it doarp Oyten is in bakstiennen gebou út 1861. De krúsfoarmige Sealtsjerke hat in polygonale Apsis en oan de westkant in toer. Troch de pylders ûnder de kreaken wurdt it langhûs fan binnen yn trije skippen dield, mei dêr oerhinne ien houten souder. De âlde kleurstelling fan de romte waard yn 1986/87 wersteld; troch ferve pylders en ribben krige de Apsis lidden. Bysûnder is de troch Carl Vinnen út Düsseldorf makke Alterskildering fan 1880.

Keppelingen om utens