Dan Brown: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 42:
Yn [[2009]] kaam it trêde boek yn 'e searje oer Langdon út, ''The Lost Symbol'', dêr't op 'e earste dei al mear as in miljoen eksimplaren fan oer de toanbank giene yn 'e [[Feriene Steaten]], [[Kanada]] en [[Grut-Brittanje]] allinnich. Yn in fraachpetear yn [[2006]] hat Brown sein dat er plannen hat foar in rige fan yn totaal tolve boeken oer Langdon, dat hy kin noch even foarút. Yn maaie [[2013]] kaam diel 4 út, ''[[Inferno (boek)|Inferno]]'', dat ek fuortendaliks in [[bestseller]] waard en troch [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]] yn opdracht fan [[útjouwerij]] [[Utjouwerij Luitingh-Sijthoff|Luitingh-Sijthoff]] yn it [[Frysk]] oerset waard, ûnder de titel [[Ynferno (boek)|Ynferno]].<ref>——, ''"Bestseller Dan Brown in het Fries'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 22 oktober 2013.</ref><ref>{{Aut|Vries, Sietse de}}, ''Frysk dat minsken net ôfskrikt'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 13 desimber 2013.</ref><ref>{{Aut|Walthaus, Asing}}, ''"Ynferno" yn geef en tagonklik Frysk'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 23 oktober 2013.</ref>
 
Op útnûging fan [[Ids Hellinga]], direkteur stamboeksaken fan it [[Keninklik Frysk Hynstestamboek]], brochten Brown en de frou mids jannewaris [[2014]] in besyk oan [[Nederlân]]. Dêrby diene se yn [[Amsterdam]] û.m. it [[Ryksmuseum Amsterdam|Ryksmuseum]] oan, dêr't se nei slutingstiid in priveerûnlieding krigen,<ref>{{Aut|Brugman, Gitte, en Post, Elisabeth}}, ''Dan Brown heeft Nachtwacht in het Rijks voor zich alleen'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 8 jannewaris 2014.</ref> besochten se yn [[Fryslân]] de [[hynstekeuring]] fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek,<ref>{{Aut|Brugman, Gitte, en Post, Elisabeth}}, ''Dan Brown valt als blok voor Fries'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 8 jannewaris 2014.</ref> en die Brown in synjearsesje yn [[Boekhannel Van der Velde]], oan 'e [[Ljouwert]]er [[Nijstêd]].<ref>{{Aut|Walthaus, Asing}}, ''Lezers komen met geschenken voor Dan Brown'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 13 jannewaris 2014.</ref> Yn [[septimber]] [[2018]] wie Brown op 'e nij yn Fryslân, diskear om 'e hynstemuzykteätershow ''[[De Stormruiter]]'' yn it [[WTC Expo]] te sjen, dêr't er boppedat de offisjele [[ambassadeur]] fan makke wie.<ref name="brown">{{Fuotnoat|{{Aut|Annema, Siebe}}, ''Verliefd op het Friese paard'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 1 septimber 2018, taheakke ''Sneon & Snein'', s. 4-7}}</ref> Hy waard op dy [[reis]] beselskippe fan syn heit Richard,<ref name="brown"/> de [[wiskunde]]learaar, mei wa't er ek de [[tentoanstelling]] ''[[Escher op Reis]]'' yn it [[Frysk Museum]]<ref name="brown"/> en it [[Keninklik Eise Eisinga Planetarium]] yn [[Frjentsjer]] besocht.<ref>——, ''Dan Brown onder indruk van Planetarium'', yn: de ''[[Frjentsjerter Krante]]'', 12 septimber 2018, s. 1.</ref><ref>——, ''Bestsellerschrijver Dan Brown in Eise Eisinga Planetarium'', yn: ''[[van Wad tot Stad]]'', 11 septimber 2018, s. 9.</ref>
 
==Wurk==