Hoekske Waard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Geografy: by de tiid
L red
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Yn syn tsjintwurdige foarm ûntstie de Hoekske Waard doe't it gebiet der yn [[1421]] by de [[Sint-Elizabethsfloed (1421)|Sint-Elizabethsfloed]] ûnder strûpte. Foartiid hearde it eastlike part ta de [[Grutte of Hollânske Waard]] en it westlike diel ta it [[eilân]] [[Foarne-Putten|Putten]]. Nei de wettersneedramp moast frijwol it hiele gebiet op 'e nij drûchmakke wurde, en dêrby krige it syn hjoeddeistige yndieling. Dy [[seedyk|bediking]] krige foar it meastepart syn beslach tusken [[1538]] en [[1653]]. Yn 'e oardel iuw dy't dêrop folge, waard noch wat lân by it [[Hjerringfliet]] en it [[Hollânsk Djip]] lânsdel bybedike. Sûnt [[1800]] is der oan 'e omtrek fan 'e Hoekske Waard net folle mear feroare.
[[File:HervormdeKerk.jpg|right|thumb|250px|De [[herfoarme]] [[tsjerke]] fan [[Ald-BeijerlânBeierlân]].]]
 
==Geografy==
Yn it noarden foarmet de [[Alde Maas]] de grins mei [[Iselmûne]], wylst yn it westen it [[Spui (rivier)|Spui]] de Hoekske Waard ôfsnijt fan [[Foarne-Putten]]. Oan 'e eastkant skiedt de [[Doardter Kil]] it gebiet fan it [[Eilân fan Doardt]], en yn it súdeasten en suden grinzget de Hoekske Waard oan it [[Hollânsk Djip]], dat yn it súdwesten oergiet yn it [[Hjerringfliet]]. It iennichste gruttere plak op 'e Hoekske Waard is [[Ald-BeijerlânBeierlân]], dat yn it noarden oan 'e Alde Maas leit. De rest fan it gebiet bestiet fierhinne út frij tinbefolke, [[lânbou|agrarysk]] gebiet.
 
De Hoekske Waard omfieme foarhinne 5 ûnderskate gemeenten:
* [[File:Flag of Oud-Beijerland.svg|border|25px]] [[Ald-BeijerlânBeierlân]] (''Oud-Beijerland'')
* [[File:Flagge Nije Gemeente Binnenmaas.png|border|25px]] [[Binnenmaas]] (yn [[2007]] foarme út it âlde Binnenmaas en [['s-Gravendeel]])
* [[File:Flag of Korendijk.svg|border|25px]] [[KoarndykKorendijk]] (''Korendijk'')
* [[File:Flag of Cromstrijen.svg|border|25px]] [[KromstrijenCromstrijen]] (''Cromstrijen'')
* [[File:Flag of Strijen.svg|border|25px]] [[Strijen]]
PerMei yngong fan [[1 jannewaris]] [[2019]] waarden al dy gemeenten gearfoege ta de nije fúzjegemeente [[Hoekske Waard (gemeente)|Hoekske Waard]]
 
==Demografy==
De Hoekske Waard hat in befolking fan likernôch 86.000 minsken, wat mei in oerflak fan 323,8 km² delkomt op in [[befolkingstichtens]] fan 266 minsken de km². It grutste part fan 'e ynwenners libbet lykwols by de noardlike râne fan it gebiet lâns, yn Ald-BeijerlânBeierlân en lytsere plakken as [[Nij-BeijerlânBeierlân]] en [[Puttershoek]].
 
==Keppelings om utens==