Johan Bok: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
red
Rigel 1:
'''Johan Bok''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[5 novimber]] [[1929]] - dêre, [[18 augustus]] [[2002]]) wie in Frysk musikus. As muzyklearaar stie er oan skoallen yn Drachten en Snits en joech les oan de [[kweekskoalle]] yn Ljouwert.
 
Johan Bok kaam nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] yn de amusemintsmuzyk terjocht. Hy spile by de ''Rhytm Tigers'' en it ''Rudy Young Sextet'' dy't de muzyk fersoarge yn de dancing fan [[Sipke Castelein (reedrider)|Sipke Castelein]] oan it Suderplein yn Ljouwert. Mei de Amsterdamske ''Rhytm Club'' trede er in soad yn Dútslân op.
 
Johan Bok komponearre muzyk foar ferskate kabaretiers lykas [[Leny Dijkstra|Leny]] en [[Leo Dijkstra]] en [[Rients Gratama]]. By in tal programma's die er de begelieding. Nei syn pensjoen stuts er in soad tiid yn it liederskip fan Salonorkest ''Plumeau'' en de eigen 'Bigband John Bok'. Hy wurke as pianist ek mei oan it selskip fan Leo Dijkstra: it [[Selskip Leo Dykstra]]. Yn 1982 ferskynde fan it Bokwerder Feestorkest ûnder syn lieding de plaat ''Ik Bin Gurbe.'' Hy wiewaard beneamd asta [[Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau]].
 
{{DEFAULTSORT:Blok, Johan}}