Kryptogram: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
útwreide
dubbel
Rigel 9:
It brûken fan neat = o as yn ‘Niets in het nest te hebben maakt arbeidzaam’ (5) (n-o-est) soe nei it earte kryptogram folle faker brûkt wurde.
In kryptogramdiagram wie ornaris sterk symmetrysk. De omskriuwings waarden yn de rin fan de tiid koarter. De koartst mooglike omkriuwing is it kryptonym, in kryptysk synonym dat mar út ien wurd bestiet. <ref>[[Jan Meulendijks]] en [[Bart Schuil]] – ''Cryptoniemen – Cryptogrammen in één woord gevat''; útjouwerij Tirion (1979) ISBN 9051214014</ref>
 
;Nederlânske kryptogrammen
De earste kear dat it wurd cryptogram yn Nederlân brûkt waard wie yn in [[puzelwurdboek]] út 1949. <ref>[http://www.jasperscryptogrammensite.com/over%20cryptogrammen/eerstecryptogram.htm Jaspers Cryptogrammensite]</ref>. Yn 1955 ferskynde it wurd cryptogram foar de earste kear yn in Nederlânsk wurdboek. Dêrmei ferdwûn de lange omskriuwing ''woordspelingen-kruiswoordraadsel''. As puzelsoarte kin it kryptogram as in unike Nederlânske (en Fryske) puzelsoarte beskôgee wurde.<ref>H. J. Verschuyl yn: ''Het geheim van de puzzel'' (2005)</ref>. Yn it Ingelske taalgebiet bestiene soartgelikense puzelsoarten wol ûnder de namme ''cryptic crossword'', koartsein ''crossword'' neamd. It Ingelske wurd ''cryptogram'' hat lykwols te krijen mei geheime koades. [[Henk Scheltes]] (1921–1987) fan it NRC kin bekôge wurde as dejinge dy’t it Nederlânske kryptogram op in oare wei brocht hat as dy fan it Ingelske en Amerikaanske crossword. It Ingelsk hat folle mear as it Nederlânsk en Frysk koarte wurden foar komplekse begrippen. Sa hjit it wite feltsje ûnder de skyl fan in sinesappel, dy’t de skyl skiedet fan it fruchtfleis, yn it Ingelsk pith. It Nederlânsk en Frysk hawwe dêr gjin wurd foar en dat is ek sa yn in soad oare gefallen. Yn it Nederlânsk en Frysk wurde nije wurden ek faker foarme troch gearstallings. Neist it minder brûken fan anagrammen brûkte Scheltes ek geandewei mear wurdlingtes fan 8 of mear letters. De oandacht foar de foarm feroare hieltyd mear yn neidruk op de betsjutting fan wurden.
‘Palindroomkening’ Piet Burger bleau as kryptograaf by Elsevier in soad anagrammen brûken. Hy siet op in oare line as Scheltes en Steenhuis, dy’t folle mear boarten mei wurdbetsjuttings en it boartsjen mei taalfoarmen. Sûnt 1959 brûkte Scheltes de stavering '''C'''ryptogram. Scheltes wie ien fan de lêsten dy’t as redakteur wurke op in krante en as sadanich ek it kryptogram makke. De krantepuzels waarden dêrnei levere troch grutte bedriuwen as Denksport (Metro, Rotterdams Dagblad, Kidsweek) en Puzzelsport (de Volkskrant, Algemeen Dagblad, Elsevier, HP/De Tijd) en lytsere bedriuwkes as JFS (Parool), Pzzl.com (Trouw) en [[Jelmer Steenhuis]] (NRC Handelsblad, Vrij Nederland).
;Fryske kryptogrammen
It earste Fryske kryptogram ferskynde yn [[1981]] yn it FNP-blêd ‘De Frijbûtser’’Frijbûtser.’’ Sûnt [[1982]] ferskynt yn de [[Ljouwerter Krante]] om de fjirtjin dagen in Frysk kryptogram fan de hân fan [[Douwe van der Meulen]]. Yn 1983 ferskynde by de Friese Pers syn ''Frysk Puzelboek'' dat foar de helt fold wie mei Fryske kryptogrammen. Yn dat [[puzelboek]] stie ek in hânlieding om de puzelders op ’e gleed te helpen.
 
== Hânlieding ==