Marie Bashkirtseff: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bashkirtseva_Autimn.JPG ferfange troch Bashkirtseva_Autumn.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 3 (obvious error)).
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Marie Bashkirtseff1878.jpg|thumb|''Marie Bashkirtseff'' yn 1878]]
'''Marie Bashkirtseff''' (eins: Мария Константиновна Башкирцева, '''Marija Konstantinovna Baškirceva'''; Gavrontsi ûnder [[Poltava]], [[11 novimber]] [[1858]] — [[Parys]], [[31 oktober]] [[1884]]) wie in [[keunstskilder|skilderesse]] en deiboekskriuwster[[deiboek]]skriuwster, berne yn de [[Oekraïne]].
 
== Libben ==
Marie Bashkirtseff kaam út twa familiesfamyljes dy't ta de [[Ruslân|Russyske]] [[lânadel]] hearden. Nei't har âlden út elkoar gienen waard sy grutbrocht op de bûtenpleats fan har mem yn de Oekraïne. Fan 1870 oant 1877 reizge Marie Bashkirtseff mei har mem, pake en beppe en in muoike de mondaine plakken fan Europa bydel ([[Wenen]], [[Baden-Baden]], [[Genêve]], [[Parys]], [[Spa (stêd)|Spa]], [[Oostende]], [[Londen]], [[Florâns]], [[Rome (stêd)|Rome]]), somtiids waard de reis foar in skoft ûnderbrutsen yn [[Nice]], dêr't hja, 13 jier âld, ek mei har deiboek yn it Frânsk begûn.
 
Marie Bashkirtseff wie yntelligint en hie in soad talint en ambysje. Yn it rike mar a-kulturele fermidden dêr't hja yn grut waard, wie sy wat foarming en ûntwikkeling oanbelange fral op harsels oanwiisd. Lest fan de kiel (nei't letter bliken die in begjinnende [[TBC]]) behindere in karriêre as sjongsterersjongster. Neidat houliksplannen mei in Italiaanse leafde op wjerstân fan de famylje stjitte, helle sy har mem yn 1877 oer om nei Parys te ferhúzjen, dêr't sy har talizze woe op it skilderjen. Sy waard learling by [[Joseph-Nicolas Robert-Fleury]], yn syn Paryske [[Académie Julian]], en wurke dêrnei gear mei de bekende naturalistyske skilder [[Jules Bastien-Lepage]], dy't teffens har hertsfreon waard.
 
Marie Bashkirtseff stoar mei 25 jier oan [[tuberkuloaze]] en leit yn in monumintaal grêf op it [[Cimetière de Passy]] te Parys. Op it mausoleum wurdt ''1860'' as bertejier fernijd<ref>[http://acbx41.over-blog.com/article-tombeau-de-marie-bashkirtseff-au-cimetiere-de-passy-41675675.html Tombeau de 'Marie Bashkirtseff' au cimetière de Passy], Le blog de acbx41</ref>, mar letter die bliken dat it in falsifikaasje fan har famylje wie<ref>Lemma Bashkirtseff‎ op Ingelske Wiki:[http://en.wikipedia.org/wiki/Marie_Bashkirtseff#Discovery_of_the_original_diary ''Discovery of the original diary'']</ref>.
Rigel 21:
 
Har skilderijen waarden foar in grut part ferkocht troch har famylje; it part dat yn de famylje bleau, waard by in bombardemint op Gavrontsy ferneatige yn de Twadde Wrâldkriich. De grutste kolleksjes binne no yn it [[Musée des Beaux-Arts Jules Chéret]] yn [[Nice]] en yn it [[Russysk Museum]] yn [[Sint-Petersburch]], mar ek yn it [[Musée d'Orsay]], it [[Petit Palais]], it [[Louvre]] en it Amsterdamske [[Ryksmuseum (Amsterdam)|Ryksmuseum]] hinget wurk fan Marie Bashkirtseff.
== GalleryGalery ==
<gallery>
Ofbyld:Bashkirtseff - In the Studio.jpg|''It atelier''