Ferskil tusken ferzjes fan "Limes"

18 bytes grutter ,  1 jier lyn
better
L (Ho)
(better)
[[File:Germania 70.svg|thumb|300px|De ''Limes Germanicus'' oan de Ryn]]
Mei de limes ([[Latyn]] foar 'grins') wurde de grinzen oantsjutten fan it [[Romeinske Ryk]]. De oantsjutting sels rekke earst yn'e swang yn de [[19e iuw]]. Yn Jeropa lei de grins by de [[Ryn]], [[Donau]] en de [[Noardsee]] lâns. De [[muorre fan Hadrianus]] dy't rûchwei op 'e Skots-Ingelske grins leit, is ek in limes. De namme limes is troch Dútske archeologen optocht. De limes ferbûn ferdigeningstuorren, ''[[Castrum|castra]]'' (legerkampen) en garnizoenstêden. De trochsneed ôfstân tusken de castra wie 6.5 kilometer, mar der is net ien ''castrum'' oerbleaun dat oan de súdgrins fan it eartydske [[Fryske Ryk]] lein hat. De limes binne yn [[47]] n.Kr. ûntstien nei it Germania offensyf; doe waard besletten dat de Ryn de grins wurde moast.