Ferskil tusken ferzjes fan "Sydrivier"

9 bytes grutter ,  1 jier lyn
L
red
(wer in read triedsje minder...)
 
L (red)
 
It tsjinstelde fan in sydrivier is in [[ôfspjalting (rivier)|ôfspjalting]]: dy fiert gjin wetter oan nei de haadrivier, mar liedt der wetter by wei. De [[Isel]] en de [[Waal]] binne bygelyks ôfspjaltings fan 'e Ryn (hoewol't se gauris foutyf sydrivieren neamd wurde). In ôfspjalting fan in rivier kin lykwols ek wer by dyselde rivier weromkeare; yn sa'n gefal is it sawol in ôfspjalting as in sydrivier. Benammen yn [[flechtsjende rivier]]en en [[rivierdelta|rivierdelta's]] komme sydrivieren en ôfspjaltings in protte foar.
 
In sydrivier hat faak sels ek wer sydrivieren, dy't dan yndirekte sydrivieren fan 'e haadrivier binne. Sydrivieren en haadrivier fersoargje mei-inoar de [[ôfwettering]] fan [[grûnwetter]] en [[oerflaktewetter]] fan harren [[streamgebiet]] of [[ôfwetteringsgebiet]]. It plak dêr't in sydrivier útmûnet yn in haadrivier of yn in oare sydrivier wurdt de [[gearfloeiïng]], gearrin of gearstreaming neamd.
 
By sydrivieren wurdt ûnderskie makke tusken rjochter- en loftersydrivieren, rekkene fanôf de [[boarne (wetter)|boarne]] fan 'e haadrivier. Sa is de [[Ruhr]] in rjochtersydrivier fan 'e [[Ryn]], wylst de [[Moezel]] in loftersydrivier is. Opsommings fan sydrivieren fan in haadrivier wurde ornaris dien yn 'e [[orografy]]ske folchoarder, fan 'e boarne nei de [[mûning]].