Merwede: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 4:
 
== Rin ==
De Merwede begjint by it [[Slot Loevestein]], beëasten [[Woudrichem]], dêr't de Waal en Maas eartiids gearrûnen en dêr't de histoaryske grins tusken [[Greefskip Hollân|Hollân]] en [[Gelre]] lei. Hjoed-de-dei foarmet it earste part fan de Merwede, de [[Boppe-Merwede]], de grins tusken de provinsjes [[Súd-Hollân]] en [[Noard-Brabân]]. By [[Werkendam]] spjalt de rivier yn de groeven [[Nije Merwede]], dêr't it measte wetter yn streamt. Fan dat punt ôf hjit de rivier de [[Under-Merwede]]. Under dy namme berikt de rivier de stêd [[Doardt]], dêr't iter ôfspjaltútrint yn de rivier de [[Noard (rivier)|Noard]], de oarspronklike fuortsetting fan de Merwede, en de [[Alde Maas]].
 
Der is in soad skipfeart oer de rivier en oan de rivier is in soad skipbou-yndustry, bygelyks yn [[Gorkum]], [[Werkendam]], [[Hardinxveld-Giessendam]] en [[Sliedrecht]]. Histoaryske stêden binne Gorkum, Doardt en Woudrichem.
 
== Namme ==
De namme "Merwede" is ôflaat fan in sompebosk ''Silva Meriwido'', dat ''meerwoud'' ("marwâld") of ''moeraswoud'' ("sompewâld") betsjut. Dat bosk tusken Maas en Waal waard neamd yn de [[Kronyk fan Cambrai]] (''Gesta Pontificum episcoporum Cameracensium'') mei in ferwizing nei in barren yn [[1003]], doe't [[Friezen|Fryske]] kolonisten út it gebiet keaplju út [[Tiel]] oerfoelen. FieredeOp oare plakken wurdt der sprutsen fan it "Wâld fan Mircwidu" (''Silva Mircwidu''), dat "tsjuster wâld" betsjut. Yn de kronyk fan biskop [[Thietmar fan Merseburch]] wurdt beskreaun hoe't in nust ''Frisii'' fan ''Thyle'' haren yn it jier [[1018]] foar de [[Noarmannen]] ferstoppe hiene yn it Wâld fan Mircwidu. De Friezen sieten dêr yn in âld fort.
 
Ferskate stoarmfloeden, wêrûnder dy fan de lêste grutte [[Sint-Elisabetsfloed]] yn [[1421]] hawwe it gânse bosk fuortspield. De brede wetterrin dy't dêr ûntstie, krige de namme fan it bosk en hjit sûnt dy tiid Merwede.