Merwede: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 11:
De namme "Merwede" is ôflaat fan in sompebosk ''Silva Meriwido'', dat ''meerwoud'' ("marwâld") of ''moeraswoud'' ("sompewâld") betsjut. Dat bosk tusken Maas en Waal waard neamd yn de [[Kronyk fan Cambrai]] (''Gesta Pontificum episcoporum Cameracensium'') mei in ferwizing nei in barren yn [[1003]], doe't [[Friezen|Fryske]] kolonisten út it gebiet keaplju út [[Tiel]] oerfoelen. Op oare plakken wurdt der sprutsen fan it "Wâld fan Mircwidu" (''Silva Mircwidu''), dat "tsjuster wâld" betsjut. Yn de kronyk fan biskop [[Thietmar fan Merseburch]] wurdt beskreaun hoe't in nust ''Frisii'' fan ''Thyle'' haren yn it jier [[1018]] foar de [[Noarmannen]] ferstoppe hiene yn it Wâld fan Mircwidu. De Friezen sieten dêr yn in âld fort.
 
Ferskate stoarmfloeden, wêrûnder dy fan de lêste grutte [[Sint-Elisabetsfloed (1421)|Sint-Elisabetsfloed]] yn [[1421]] hawwe it gânse bosk fuortspield. De brede wetterrin dy't dêr ûntstie, krige de namme fan it bosk en hjit sûnt dy tiid Merwede.
 
Neffens in njoggentjinde iuwske teory soe de namme Merwede ôflaat wêze fan "Merowe" of "Merwe", dat "wiid wetter" betsjutte soe. Ek de [[Franken|Frankyske]] [[Merovingen]] soene harren namme fan de rivier krigen hawwe.
 
== Sjoch ek ==