Nije Maas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
ûntstobbe en oanfolle
Rigel 1:
[[Ofbyld:Location Nieuwe Maas.PNG|thumb|Lokaasje fan de Nije Maas yn [[Nederlân]]]]
[[Ofbyld:NieuweMaasMay2017.jpg|thumb|De Nije Maas nei it easten ta sjoen]]
De '''Nije Maas''' is in rivier yn [[Súd-Hollân]]. De stêden [[Rotterdam]], [[Skiedam]] en [[Flaardingen]] lizze oan dit wetter. De Nije Maas begjint by [[Slikkerveer]] dêr't er ûnstiet út de gearrin fan de [[Noard]] en [[Lek (rivier)|Lek]]. Dêrnei streamt er troch it stedske gebiet fan [[Rotterdam]] om oer te gean yn 'e [[Nije Wetterwei]]. Oan de Nije Maas lizze fanâlds in tal [[Haven|havens]], de meast wichtige is de [[Haven fan Rotterdam]], mar hjoed-de-dei is de measte hannel ferskood nei de [[Nije Wetterwei]] en oare wettergongen (Calandkanaal, Hartelkanaal, ensfh).
 
De '''Nije Maas''' is in rivier yn de [[Nederlân]]ske [[provinsje]] [[Súd-Hollân]]. De rivier is 24 km lang. De stêden [[Rotterdam]], [[Skiedam]] en [[Flaardingen]] lizze oan dit wetter. De Nije Maas begjint by [[Slikkerveer]] dêr't er ûnstiet út de [[gearrin]] fan de [[Noard (rivier)|Noard]] en [[Lek (rivier)|Lek]]. Dêrnei streamt er troch it stedske gebiet fan [[Rotterdam]] omen oerrint tegear geanmei ynde [[Alde Maas]] dêr'et er de [[Scheur (wetter)|Scheur]] foarmet. Dêrnei streamt it wetter yn de [[Nije Wetterwei]] om dêrnei de [[Noardsee yn te streamen. Oan de Nije Maas lizze fanâlds in tal [[Haven|havens]], de meast wichtige is de [[Haven fan Rotterdam]], mar hjoed-de-dei is de measte hannel ferskood nei de [[Nije Wetterwei]] en oare wettergongen (Calandkanaal, Hartelkanaal, ensfh).
 
== Geografy ==
De namme fan de rivier hat it wurd "Maas" deryn, dochs is de Nije Maas yn fan de wichtichste [[ôfspjalting]]s fan de [[Ryn]] en is der hast gjin wetterôffier fan de [[Maas]] oer de Nije Maas west,yn tsjinstelling ta dy yn de [[Alde Maas]]. Dy rivier wie foar [[1904]] in wichtige ôffierrivier fan de Maas en foar [[1421]] sels de haadmûning dêrfan. De oarspronklike mûning fan de rivier stiet fanâlds al bekend as de Maasmûning en Rotterdam stiet bekend as de ''Maasstad'' ("Maasstêd"). Lykwols wurdt de regio om de rivier hinne oantsjutten as ''[[Rijnmond]]'' ("Rynmûning"), itjinge krekter is.
 
== Skiednis ==
Yn de [[Midsiuwen]] waard de rivier sjoen as de ûnderrin fan de [[Merwede]], en waard de Nije Maas, allyk de rivier de [[Noard (rivier)|Noard]] troch de pleatslike befolking ''Merwe'' neamd. De rivier foarme tegearre mei de Maas in brede mûning, dy't yn de [[Romeinske tiid]] ''Helinium'' neamd waard. Yn de Midsiuwen feroare de rin fan de Maas gauris. It gefolch wie dat de rin fan de Maas troch it hjoeddeiske [[Botlek]]gebiet, by [[Brylle]] lâns nei de Noardsee gie. Stêden lykas [[Flaardingen]], [[Skiedam]] en [[Rotterdam]] ferlearen dêrtroch harren ferbining mei de Noardsee.
 
Boppedat feroare de Merwede syn rin ek. Nei de [[Sint-Elisabetsfloed (1421)|Sint-Elisabetsfloed]] waard it grutste part fan it wetter fan de Merwede, dat fan de Ryn oer de [[Waal]] oanfierd waard, en ek fan de Maas, tusken [[Doardt]] en [[Werkendam]] yn súdwestlike rjochting laat waard troch de [[Biisbosk]].
 
It gefolch wie, dat de Maasmûning hieltyd mear fersâne. Dêrom waard yn [[1830]] it [[Kanaal troch Foarne]] groeven. It fersânjen fan de mûning fan de Scheur en de Nije Maas en om't de Kanaal troch Foarne net al te wiid wie, makke it berikken fan de havenstêd hieltyd dreger. Dêrom waard tusken [[1866]] en [[1872]] de [[Nije Wetterwei]] groeven. De oarspronklike mûning fan de (Alde en Nije) Maas, dat dêre ek wol Brylske Maas (''Brielse Maas'') neamd waard, waard yn [[1950]] by [[Eastfoarne]] ôfdamme. De eardere rin is noch werom te sjen oan de Botlek en de Brylske en Eastfoarnske Mar.
 
De Scheur bôge earder by de [[Maeslantkearing]] nei it suden ta, om troch dat no de Eastoarnske Mar is, yn see út te mûnjen. By it oanlizzen fan de Nije Wetterwei (der moast 4,3 km troch de dunengroeven wurde) waard de Scheur ôfdamme.
 
== Rivierkrusings ==
[[Ofbyld:RotterdamMaasNederland.jpg|thumb|right|270px|De [[Erasmusbrêge]] oer de Nije Maas yn Rotterdam.]]
 
Fan west ta east:
* [[Benelúkstunnel]] (tunnel; moterreauwen, fytsers en [[Rotterdam Metro|metro]])
* [[Maastunnel]] (tunnel; moterreauwen, fytsers, fuotgongers)
* [[Erasmusbrêge]] (brêge; moterreauwen, fytsers, fuotgongers, trams)
* Maastaksi (ferarpont; fuotgongers)
* Metrotunnel (tunnel; metro)
* Willemstunnel (tunnel; trein)
* [[Willemsbrêge]] (brêge; moterreauwen, fytsers, fuotgongers)
* [[Van Brienenoordbrêge]] (brêge; moterreauwen, fytsers, fuotgongers)
 
{{Stobbe-geografy}}
 
[[Ofbyld:Nieuwe Maas osm.png|thumb|center|500px|Detailkaart Nije Maas]]
 
[[Kategory:Rivier yn Nederlân]]
[[Kategory:Wetter yn Súd-Hollân]]
[[Kategory:Rotterdam]]