Nije Maas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: noch wat
L noch wat
Rigel 3:
[[Ofbyld:NieuweMaasMay2017.jpg|thumb|De Nije Maas nei it easten ta sjoen]]
 
De '''Nije Maas''' is in rivier yn de [[Nederlân]]ske [[provinsje]] [[Súd-Hollân]]. De rivier is 24 km lang. De stêden [[Rotterdam]], [[Skiedam]] en [[Flaardingen]] lizze oan dit wetter. De Nije Maas begjint by [[Slikkerveer]] dêr't er ûnstiet út de [[gearrin]] fan de [[Noard (rivier)|Noard]] en [[Lek (rivier)|Lek]]. Dêrnei streamt er troch it stedske gebiet fan [[Rotterdam]] en rint gear mei de [[Alde Maas]] dêr't er de [[Scheur (wetter)|Scheur]] foarmet. Dêrnei streamt it wetter yn de [[Nije Wetterwei]] om dêrnei de [[Noardsee]] yn te streamen. Oan de Nije Maas lizze fanâlds in tal [[Haven|havens]], de meast wichtige is de [[Haven fan Rotterdam]], mar hjoed-de-dei is de measte hannel ferskood nei de [[Nije Wetterwei]] en oare wettergongen (Calandkanaal, Hartelkanaal, ensfh).
 
== Geografy ==
Rigel 9:
 
== Skiednis ==
Yn de [[Midsiuwen]] waard de rivier sjoen as de ûnderrin fan de [[Merwede]], en waard de Nije Maas, tegearre mei de rivier de [[Noard (rivier)|Noard]], troch de pleatslike befolking ''Merwe'' neamd. De rivier foarme tegearre mei de Maas in brede mûning, dy't yn de [[Romeinske tiid]] ''Helinium'' neamd waard. Yn de Midsiuwen feroare de rin fan de Maas gauris. It gefolch wie dat de rin fan de Maas troch it hjoeddeiske [[Botlek]]gebiet, by [[Brylle]] lâns nei de Noardsee gie. Stêden lykas [[Flaardingen]], [[Skiedam]] en [[Rotterdam]] ferlearen dêrtroch harren ferbining mei de Noardsee.
 
Boppedat feroare de Merwede syn rin ek. Nei de [[Sint-Elisabetsfloed (1421)|Sint-Elisabetsfloed]] waard it grutste part fan it wetter fan de Merwede, dat troch de Ryn oer de [[Waal]] oanfierd waard, en ek troch it wetter fan de Maas, tusken [[Doardt]] en [[Werkendam]] yn súdwestlike rjochting laat waard troch de [[Biisbosk]] hinne de see yn.
Rigel 15:
It gefolch wie, dat de Maasmûning hieltyd mear fersâne. Dêrom waard yn [[1830]] it [[Kanaal troch Foarne]] groeven. It fersânjen fan de mûning fan de Scheur en de Nije Maas, en om't de Kanaal troch Foarne net al te wiid wie, makke it berikken fan de havenstêden hieltyd dreger. Dêrom waard tusken [[1866]] en [[1872]] de [[Nije Wetterwei]] groeven. De oarspronklike mûning fan de (Alde en Nije) Maas, dat dêre ek wol Brylske Maas (''Brielse Maas'') neamd waard, waard yn [[1950]] by [[Eastfoarne]] ôfdamme. De eardere rin is noch werom te sjen oan de Botlek en de Brylske en Eastfoarnske Mar.
 
De Scheur bûgde earder by de [[Maeslantkearing]] nei it suden ta, om troch, dy't no de EastoarnskeEastfoarnske Mar is, yn see út te mûnjen. By it oanlizzen fan de Nije Wetterwei (der moast 4,3 km troch de dunen groeven wurde) waard de Scheur ôfdamme.
 
== Rivierkrusings ==
Rigel 24:
* [[Maastunnel]] (tunnel; moterreauwen, fytsers, fuotgongers)
* [[Erasmusbrêge]] (brêge; moterreauwen, fytsers, fuotgongers, trams)
* Maastaksi (ferarpontfearpont; fuotgongers)
* Metrotunnel (tunnel; metro)
* Willemstunnel (tunnel; trein)