Dokkumer Nije Silen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
No edit summary
Rigel 2:
[[File:Dokkumer Nieuwe Zijlen 3.jpg|thumb|220px|Dokkumer Nije Silen yn 2013]]
[[Ofbyld:Gedenkteken3 Dokkumer Nieuwe Zijlen.jpg|thumb|700px||Monumint ta oantins fan de bou yn 1729]]
De '''Dokkumer Nije Silen''' binne de [[Syl|silen]] dy't oanlein binne by it ôfsluten fan it [[Dokkumer Djip]], yn [[1729]]. Ek de [[buorskip]] dy't by de silen ûntstien is, hat dy namme. De buorskip falt ûnder [[Ingwierrum]], yn de gemeente [[Noardeast-Fryslân]] (earder yn [[Dongeradiel]]).
 
Plannen foar it damjen fan it Grutdjip wiene der al sûnt de [[Sint Pitersfloed]]. De [[Krystfloed (1717)|stoarmramp fan 1717]] wie oanlieding dat der yn [[1727]] serieuze plannen makke waarden. De slûs en diken waarden nei in idee fan luitenant-kolonel Mellema troch wetterboukundige [[Willem Loré]] en arsjitekt [[Claes Bockes Balck]] útfierd. De nije silen makken de syl yn Dokkum, de [[Driezumersyl]], de [[Aldwâldersyl]] en de [[Kollumersyl]] oerstallich. Teffens waard 1800 [[pûnsmiet]] nij lân wûn.