Pest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
Al yn de [[Grykske âldheidAldheid]] hearsken der epidemyen fan in ûnbekende sykte dy’t letter de namme pest krige. Yn de [[Grykske mytology]] wie it [[Apollo (god)|Apollo]] dy’t dizze sykte mei syn pylken ferspriede. Dat dizze sykte doe al epidemysk west hat is nei alle wissichheid net wier. Ek is it net wis oft al dizze epidemyen en sels de swarte dea wol de sykte is dy’t wy hjoed de dei de pest neame. It is al lang ferlyn en direkt bewiis is net mear foar hannen. De syktebeskriuwingen út dy tiid lizze de klam op ferskillende symptoamen dy’t net altyd by de pest hearre. Analyze fan it ferspriedingspatroan en besmettingswize hawwe ferskillende oare syktes oplevere, lykas it [[Ebolafirus]], it [[Marburgfirus]] of it [[Hantafirus]].
 
Der wurdt tocht dat de oarsprong fan de sykte yn [[Mongoalje]] leit. It is wis dat de earste syktegefallen yn Aazje lizze. Yn Jeropa waard de pest foar it earst fûn yn Itaalje, dêrnei ferspriede de sykte him mei de klok mei: [[Frankryk]], [[Spanje]], [[Ingelân]] yn [[1438]], [[Dútslân]], [[Noarwegen]] yn [[1349]], en as lêste [[Ruslân]] rûn[[1351]].