Willemsoard (Stienwikerlân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Minorax (oerlis | bydragen)
fix lint error
Rigel 4:
== Skiednis ==
Willemsoard is fan 1820. Yn dat jier waard yn opdracht fan de Maatskippij begûn mei de oanlis fan wegen en de bou fan de earste 100 huzen. Mei dêrneist de grutte gebouwen lykas de wente fan de ûnderdirekteur, de spinseal mei waskhok, in wente foar de adjunkt-direkteur fabrykswezen en de skoalle mei ûnderwizerswente. De nedige grûn wie dêrfoar oankocht fan ûnder mear Het Heideveld [[Stienwikerwâld]].
[[Ofbyld:Kolonistenwoning Willemsoor.jpg|thumb|250px|''|Kolonistewente yn Willemsoord (Maatskippij fan Woldiedichheid), scan fan in ôfbyld yn "Het vaderlandse geschiedenis boek" ISBN 90-400-8888-8]]
Generaal [[Johannes van den Bosch]] wie de geastlike heit fan de plannen om yn [[Frederiksoard]], [[Wilhelminaoard]] en Willemsoard trije frije koloanjes te stiftsjen om kânsarme húshâldings út it westen fan Nederlân de gelegenheid te bieden in nij bestean op te bouwen. De kolonisten krigen in wente mei ien bunder grûn, der waard foarsjoen yn harren ûnderhâld, der wie genêskundige help, en godstsjinst- en skoalûnderwiis. Tanksij de kontribúsje fan in flink oantal reedlik begoedige Nederlanners koenen de leefomstannichheden fan die legere folksklassen frijwat ferbetttere wurde. It Hûs fan Oranje wie tige ynteressearre yn de plannen. De kroanprins fan Oranje, de lettere [[Willem II fan de Nederlannen|Kening Willem II]], joech Willemsoord syn namme. Willem betelle de bou fan de skoalle en de ûnderwizerswente út eigen bûse: wol 1.400 gûne foar de realisaasje fan beide gebouwen.