T.E. Lawrence: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 17:
Nettsjinsteande syn befoardering ta de rang fan kolonel, naam er yn 1922 ûnder de namme John Hume Ross, yn 1923 weromferoare yn T.E. Shaw, as gewoan soldaat wer tsjinst yn it Britske leger by de doe koartlyn oprjochte [[Royal Air Force]] (RAF). Mar der kaam te folle publisiteit doe't útkaam dat dé kolonel Lawrence gewoan soldaat wie; hy moast de anonimiteit sykje by it ''Royal Tank Corps''. Hy frege fersakte kearen oan de legerlieding om oerpleatsing nei de RAF en úteinlik waard dat tasein. Foar de RAF wurke er noch in stikmannich jierren yn wat no [[Pakistan]] is. Mar fanwege praat yn de media oer spionaazjeaktiviteiten dêre, gie er werom nei Grut-Brittanje. Syn lêste warbere jierren wie er, as ien fan de earsten, dwaande mei ûndersyk nei flugge rêdingsboaten.
 
Lawrence stoar yn 1935 mei 46 jier, mar in pear wike nei syn pinsjonearring, nei in ûngemak mei syn [[Brough Superior]]-motorfyts tichtby syn hûs ''Clouds Hill]]'' yn it Ingelske Moreton ([[Dorset]]), dêr't hy ek te hôf brocht waard.
 
== Film ==