Tibet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 30:
 
== Skiednis ==
De earste histoaryske kening fan Tibet wie [[Srong-Tsan Gam-Po]] (± 620-649). Troch him waard [[Lhasa]] ta haadsit makke. Under [[Kry-srong-Ide-btsan]] (± 755-795]]) stie Tibet op it toppunt fan har macht, it strekke har doe nei it westen út oant de [[Pamir]], en nei it suden oant de [[Golf fan Bengalen]]. Yn dy tiid krige it [[Lamaïsme]] der fêste foet. Op de ein [[9e iuw]] foel it ryk wer útein.
 
Fan de [[13e iuw|13e]] oant de [[18e iuw]] stie Tibet ûnder [[Mongoalen|Mongoalske]] soevereiniteit. Yn [[1270]] makke de Mongoalske keizer fan Sina [[Kûbilay Khan]] de lama fan it kleaster Saskia oan him ûnderhearrich. Dêrmei set in rige fan prysterkeningen útein. Yn it begjin fan de 15e iuw stiftet [[Tsjong-Ka-pa]] de sekte fan de gielmutsen (tsjinoer de readmutsen, de oanhingers fan it oarspronklike Lamaïsme. Ien fan syn learlingen [[dGehdun-grubpa]] wie de earste [[dalay lama]]. Yn 1641 krige de dalay lama ek wrâldske macht. Nei [[1720]] hat Sina har macht oer Tibet útwreide en it lân stadichoan ôfsletten foar bûtenlanners. Fanwege de pro-Russyske hâlding fan de dalay lama stjoerde [[Feriene Keninkryk|Grut Brittanje]] yn [[1904]] in militêre ekspedysje fanút Yndia nei Tibet dy't de Lhasa besette. Dat jier kaam de saneamde [[Lhasa-konvinsje]] ta stân dêr't Grut-Brittanje hânnelsfoarrjochten by bedonge en de soevereiniteit fan Sina oer Tibet erkende.