Rybinsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Ekonomy: defsort
L - tikflater
Rigel 21:
'''Rybinsk''' ([[Russysk]]: Ры́бинск; tr. Rybinsk ) is de op ien nei grutste stêd fan it oblast [[Jaroslavl (oblast)|Jaroslavl]] yn it Sintraal Federale Distrikt fan de [[Ruslân|Russyske Federaasje]]. De stêd leit oan it opslachmar mei deselde namme as de stêd en it plak dêr't de [[Sjeksna]]-rivier yn de [[Wolga]] rint. Rybinsk hie yn 2018 goed 188.600 ynwenners.
== Geografy ==
Rybinsk leit 270 kilometer noardlik fan [[Moskou]] en 80 kilometer noardwestlik fan [[Jaroslavl]]. De stêd leit op de grins fan de [[Tagiataiga]] en de seam fan [[mingd wâld]].
 
== SkiedisSkiednis ==
De earste delsetting yn it stedsgebiet folge oan de mûning fan de Sjeksna yn de Wolga. Dat wie op syn lêst yn de earste helte fan de 11e iuw. De delsetting Ust-Sjeksna (Russysk:
Усть-Шексна́, yn it [[Frysk]] "mûning fan de Sjeksna") wie in regionaal sintrum foar hannel en ambachten. Yn de tiid fan de ynfallen fan de [[Gouden Horde|Mongoalen]] waard de delsetting ferneatige. In nije delsetting folge oan de rjochter kant fan de Wolga ûnder de nije namme ''Rybnaja sloboda'' (Russysk: Ры́бная слобода́, yn it Frysk "Fiskdelsetting"). Yn in oarkonde fan grutfoarst Ivan III Vassiljevitsj waard dat plak neamd. De bewenners leveren steur, salm en sterlet oan it hôf.