Sybout Jacob Nijdam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
L [[]]
 
Rigel 2:
 
Lanlik hie Nijdam bekendheid troch syn fernijende ideeën op ûnderwiisgebiet <ref>''Uit het leven van
een Schoolmeester'' (291 siden)-1999</ref> Yn Fryslân is Nijdam foaral bekend wurden troch syn ynset en leafde foar it [[keatsen]]. Nijdam hat yn 1930 yn de striid fan de [[PC]] mei it Keatsbûn om it behâld fan de PC in belangrike rol spile<ref>PC-jubileumboek 2003, side 98</ref>. Nijdam wie troud mei Afke Riemke Hilarides (1908-1997), dochter fan PC-kening (1887, 1888 en 1889) en PC-skiedsrjochter [[Lammert Skeltes]] (1868-1934).
en leafde foar it keatsen. Nijdam hat yn 1930 yn de striid fan de [[PC]] mei it Keatsbûn om it behâld fan de PC in belangrike rol spile<ref>PC-jubileumboek 2003, side 98</ref>. Nijdam wie troud mei Afke Riemke Hilarides (1908-1997), dochter fan PC-kening (1887, 1888 en 1889) en PC-skiedsrjochter [[Lammert Skeltes]] (1868-1934).
 
Nijdam waard yn 1933 ûnderwizer te [[Wervershoof]]. Hy hie ek niget oan de keatserij dêr en troch syn tadwaan keatsten op 22 july 1934 twa (sterke) Frjentsjerter en twa Wervershoofster partoeren op de Fryske en ‘Hollânske’ manier tsjininoar yn Wervershoof. It wie ien fan de earste earste kearen dat Fryske keatsers nei [[West-Fryslân]] gongen te keatsen. Al yn 1888 hiene twa Andykster partoeren oan de PC meidien.<ref> Egidius C. van de Swaluw. ‘Tot nut ende vermaeck’. Yn: Werkgroep “Oud Wervershoof ”. De Skriemer. Jierboek no. 3 (1999), siden 51-59</ref><ref> [[Pieter Breuker]]: ‘West-Fries kaatsen mag niet verloren gaan”. Yn: Pieter Breuker. Oan de hang; in samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatshistoarje, keunst en kultuer. Dronryp, 1998, siden 83-86.</ref>Nijdam is yn keatsrûnten ek bekend wurden fanwegen syn keatsgedichten, dy’t er en as jongeman (yn ûnder mear de [[Franeker Courant]]) en as âlde baas (yn [[Wis-In]]) publisearre hat, mar hy dichte, faak op boartlike toan, syn libben lang oer folle mear: it famyljelibben, freonen, kunde en kollega’s, it wurk, de Fryske taal, it libben en de minsken yn serviceflat ''De Rekere'', dêr’t er de lêste fyftjin jier fan syn libben wenne hat.
Yn 2004 hawwe Nijdam syn bern foar ‘familie en goede vrienden’ yn eigen behear in kar út it wurk fan har heit útjûn, ûnder de titel: ''Uit het Leven van een Gelegenheidsdichter; gedichten en liederen van Sybout Nijdam''.