Oarlochsskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L (GR) File renamed: File:US Navy 040625-N-9769P-082 The Canadian destroyer HMCS Algonquin (DDG 283) is shown underway in close formation with the Nimitz-class aircraft carrier USS John C. Stennis (CVN 74) and the guided missile frigate USS Ford (FFG 54.jpg → [[File:US Navy 040625-N-9769P-082 The Canadian destroyer HMCS Algonquin (DDG 283) is shown underway in close formation with the Nimitz-class aircraft carrier USS John C. Stennis (CVN 74) and the guided missile fri...
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 22:
Nei de [[útfining]] fan it [[buskrûd]] yn [[Jeropa]] waarden oarlochsskippen foar it earst tarist mei [[kanon]]nen. Dêrtroch feroare de oarlochfiering op see yngripend. Nei de Midsiuwen makken seefarrende naasjes as it [[Keninkryk Portegal]], it [[Keninkryk Spanje]], it [[Keninkryk Frankryk]], it [[Keninkryk Ingelân]], it [[Osmaanske Ryk]], de [[Republyk Feneesje]] en de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] earst bewapene [[keapfardijskip]]pen foar harren [[float]]. Letter waarden mear spesjalisearre oarlochsskippen boud. Yn 'e [[njoggentjinde iuw]] en iere [[tweintichste iuw]] folge in nije modernisearrings troch de útfining fan [[steamskip]]pen en letter [[motorskip]]pen.
 
Oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw|njoggentjinde iuw]] en it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] hiene lannen as de [[Feriene Steaten]], it [[Feriene Keninkryk]], [[Dútslân]] en [[Frankryk]] oarlochsskipstypes as de [[dûkboat]], de [[torpedoboatjager]], de [[kruser]] en it [[slachskip]] yn 'e tsjinst. It hichtepunt fan it bestean fan it slachskip, it grutste soarte oarlochsskip fan syn tiid, wie de [[Slach by Jutlân]] yn 'e [[Earste Wrâldoarloch]] tusken de Britske [[Royal Navy|Keninklike Marine]] en de Dútske [[Kaiserliche Marine|Keizerlike Marine]].
 
Yn it [[Ynterbellum]] feroare der in protte foar de oarlochfiering op see troch it yn gebrûk nimmen fan 'e [[jachtfleanmasine]] en de [[bommesmiter]] troch de marine. Dêrtroch waard nammentlik de yntroduksje fan it [[fleandekskip]] needsaaklik, dêr't sokke fleantugen fan opstiigje en op lânje koene. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] die bliken hoe totaal oars oft seeslaggen dêrtroch waarden, bgl. yn 'e ferneamde [[Slach by Midway]], dêr't de [[Japanske Keizerlike Marine]] in krúsjale nederlaach tabrocht waard troch fleantugen fan fleandekskippen fan 'e [[Amerikaanske Marine]]. Tsjintwurdich is it fleandekskip noch altyd it grutste oarlochsfartúch dat der bestiet. De measte fleandekskippen hawwe, krektlyk as de gruttere moderne dûkboat, in oandriuwing dy't basearre is op in [[kearnreaktor|kearnreäktor]]. De grutere fleandekskippen hawwe in [[bemanning]] fan mear as 5.000 koppen oan board.