Brunoanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L RefList
oanf.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Brunonen munt.png|thumb|right|200px|Sulveren Brunoanen munt]]
De '''Brunoanen''', ek wol de foarsten fan ''Brunswyk'' neamd, wie in dynasty fan Fryske greven dy't yn de [[11e iuw]] in skoftlang [[Greefskip Mid-Fryslân|Mid-Fryslân]], tusken [[Fly]] en [[Lauwers]] bestjoerd hawwe. Sy waarden greven fan ''[[Starum]], [[Eastergoa]], [[Westergoa]] en [[Iselgoa]]'' neamd. Letter krigen sy ek de rjuchten oer [[Hunzegoa]] en [[Fivelgoa]] yn [[Grins]] derby.
 
==Opkomst==
Fan ôfsprong wienen de Brunoanen in [[eallju|aadlik]] [[Saksen (folk)|Saksysk]] skaai. Sy hienen besittingen yn Eastfalen en binne ferneamd nei harren stifter, Greve Bruno út Saksen (om-ende-by 880). Yn [[942]] wie der foar it earst in Brunoan dy't yn [[Brunswyk]] in greefskip hie. Hy wie de earste greve fan de Brunoanen dy't mei dit gebiet assosjeare waard.
 
Om-ende-by it jier [[1000]] krige [[Liudolf]] as earste Brunoan it gesach oer de Fryske greefskippen.
Op hokker wize dat plakfûn is net bekend. Miskien waard it de greven fan [[Hollân]] wol ôfhandich makke mei geweld. Yn Fryslân moat it greeflik gesach fan de Brunoanen stevichfêst ferankere west hawwe, ôfgeande op de sulveren munten mei harren namme dy't slein binne yn [[Starum]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. Dizze munten binne oeral fûn en yn grutte oantallen. Yn de omkrite fan [[Rinsumageast]] yn [[Eastergoa]] beskikten de Brunoanen oer guod dat earder yn besit wie fan de [[Reginingen]].<ref>P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, side 30-33</ref>
 
Nettsjinsteande ferbleaun de Brunoanen meastentiids bûten Fryslân. Nei alle gedachten kamen sy allinnich hjirhinne foar spesjale gelegenheden, bygelyks om lân yn lien fuort te jaan, minsken yn amten te befêstigjen en by wichtige skelen.
Rigel 23:
 
==Delgong==
De Brunoanen hienen nauwe famyljebannen mei de keningen en keizers fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. In oantal BrunoanenGuons besochten sels om keizer te wurden. Yn [[1067]] hie [[Egbert I]] dêrby gjin sukses en gong de keizerstitel nei syn neef [[Hindrik IV]]. Syn soan, [[Egbert II]], hat dizze keizer ferskate kearen bestriden en ferlear derby lykwols syn rjochten op sawol de Saksyke as de Fryske greefskippen. De keizer joech Mid-Fryslân yn [[1088]] (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oerfuort oan de biskop fan [[Stift Utert|Utert]]. Greve [[Egbert II]] kaam dêrtsjin yn opstân, mar moast belis jaan, waard ferslein en op 'e flecht jije.

Troch oanhâldende diplomasy fan de famylje krige yn [[1090]] [[Hindrik de Fette|Hindrik fan Northeim]] (de Fette) dy't trout wie mei [[Gertrudis fan Brunswyk|Gertudis]]. in suster fan Egbert it greefskip werom. Lykwols net foar lang, want Hindrik de Fette waard op [[10 april]] [[1101]] fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei dy syn dea einige it tiidrek fan de Brunoanen yn Fryslân. Dermei kaam in ein oan it tiidrek fan de Fryske grêven. It bewâld fan de biskop dêrnei hie lykwols net folle om hakken en al gau set it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] útein.
 
==Literatuer==