Aldeboarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 29:
== Gebouwen ==
=== Tsjerke ===
Aldeboarn hie oan yn de [[18e iuw]] in [[dowestien|dowestien]]nen Bonifatiustsjerke, dy't al yn de [[13e iuw]] boud waard, doe't Aldeboarn tsjerklik in wichtich plak wie. Yn [[1723]] sloech it waar yn de tsjerketoer, dy't der dêrtroch sa min oan ta wie dat der in nije toer komme moast.
 
Dêrfan giet it ferhaal dat dy fan Aldeboarn dan ek daalks mar de heechste tsjerketoer fan Fryslân hawwe woenen. Fansels wie de heechste tsjerketoer fan Fryslân dy fan [[Tsjom]], dat de Aldeboarnster gongen op besite yn dat doarp, en brûkten in line om de hichte fan de Tsjomster toer te te mjitten. Doe't se nei ôfrin wat dronken slagge it de Tsjomsters lykwols en snij in stik fan de line ôf. Sadwaande bleau de Tsjomster toer de heechste toer fan Fryslân. Om dit ferhaal hjitte de Tsjomsters fan ''Lyntsjesnijers'' en de Boarnsters fan ''Tuorkemjitters''.