Grifformearde tsjerke (Reitsum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 33:
 
== Skiednis ==
It eardere tsjerkegebou waard op 10 novimber 1896 foar de grifformearde gemeente fan Reitsum iepene. Reitsum hearde ta de earste fiif Nederlânske gemeenten dy't de [[doleânsje]] folgen en de earste Fryske gemeente dy't har yn 1886 ôfsnije liet fan de [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke]]. Op 17 augustus 1886 wie yn Reitsum de earste gearkomste fan de fiif dolearende gemeenten, dy't harren ferienigen yn de [[Nederdútsk Grifformearde Tsjerke (dolearende)|Nederdútsk Grifformearde Tsjerke]] en letter mei de [[Ofskieding fan 1834|Ofskieding fan 1834]] ôfskieden gemeenten opgyngen yn de [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân]].
 
Hûndert jier lang hiene de grifformearden en herfoarmen elts in eigen tsjerke yn Reitsum. Fan ôf 1989 tsjerkten de beide gemeenten wer tegearre yn de âlde tsjerke fan Reitsum.<ref>[http://www.deflieterpen.nl/index.php/p-g-reitsum-c-a/kerkgeschiedenis Side De Flieterpen, oproppen 08.08.2017]</ref> Oant de fúzje fan de beide protestanske dominaasjes ta ien protestanske tsjerke bleau de herfoarme tsjerke in Samen-op-Weg-tsjerke.