Ferskil tusken ferzjes fan "Ofslútdyk"

L
Linkfix
L (Linkfix)
[[Ofbyld:Ofslútdyk.png|thumb|250px|''In satellytfoto fan de Ofslútdyk'']]
[[Ofbyld:Ofslútdyk, 28 maaie 1932.jpg|thumb|250px|''It lêste gat wurdt sletten mei balstienliem'']]
De '''Ofslútdyk''' is in dyk tusken it Noardhollânske [[De Oever]] en it Fryske [[Surch]]. De dyk skiedt sûnt [[1932]] it Waad ([[Waadsee|Waadsee)]]) fan de [[Sudersee]], dy't fan dat stuit ôf de ‘[[Iselmar]]’ foarmet. De wetterkearing is 32 kilometer lang en sa'n 90 meter breed. De Ofslútdyk is in part fan de [[Suderseewurken]], ûntwikkele troch [[Cornelis Lely]]. De namme ''Ofslútdyk'' ferwiist nei de oarspronklike opset, wêrby't de hiele hjoeddeiske Iselmar ynpoldere wurde soe. Mar de Ofslútdyk is in daam wurden yn stee fan in dyk, omdat er gjin lân en wetter skiedt, mar wetter keart.
 
Yn earste ynstânsje soe der ek in treinspoar op de Ofslútdyk komme. Dêr wie ek rekkenskip mei holden, mar úteinlik is der gjin treinspoar op kaam, mar in ekstra brede autogongwei. Oan de noardkant, dy fan it Waad, leit ek in fytspaad. Der lizze útstellen om by it opheegjen fan de daam yn de takomst dochs noch in spoar oan te lizzen.
2.412

bewurkings