Stamhartochdom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 9:
]]
[[Ofbyld:AlthochdeutscheSprachräume962 Box.jpg|thumb|Taalkaart fan it [[Aldheechdútsk]] (Alemannysk en Beiersk), [[Aldfrankysk]], [[Aldsaksysk]] en [[Aldfrysk]] yn de tiid fan [[Otto I de Grutte]]]]
In '''stamhartochdom''', in ferwizing nei de [[Germanen|Germaanske]] folksstammen de [[Saksen (folk)|Saksen]], [[Franken]], [[Bajuwaren]] ([[Beieren]]) en [[Sueven]] ([[Swaben]] of [[Alemannen]]), wie in [[hartochdom]] yn it [[Eastfrankyske Ryk|Eastfrankyske]] of Dútske keninkryk oan'e ein fan de [[Karolingen|Karolingyske]] tiid, mei de dea fan [[Loadewyk it Bern]] yn [[911]], en yn de oergong ta it [[Hillige Roomske Ryk]] letter yn de [[tsiende iuw]]. De Karolingen hiene de oarspronklike stamhartochdommen yn de [[Achtste iuw|achtste iuw]] yn it [[Frankyske Ryk]] opheft. Doe't it [[Karolingyske Ryk]] yn de twadde helte fan de [[njoggende iuw]] yn it neigean rekke, bloeiden de eardere stamgebieten wer op as bestjoerlike ienheden yn it ryk. Der wiene fiif stamhartochdommen, ek wol "jongere stamhartochdommen" neamd ta tsjinstelling fan de tastân fan foar de Karolingen: [[Hartochdom Beieren|Beieren]], [[Hartochdom Franken|Franken]], [[Hartochdom Loataringen|Loataringen]], [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]] en [[Hartochdom Swaben|Swaben]] (Alemanje). De [[Saaljers|Salyske]] [[keizer]]s, dy't regearre hawwe fan [[1027]]-[[1125]], lieten de stamhartochdommen ynearsten as de yndieling fan Dútslân bliuwe. Dy yndieling rekke lykwols ferâldere yn de rin fan de earste helte fan de [[lette Midsiuwen]] ûnder de [[Hohenstaufen]] en keizer [[Freark Barbarossa]] hat harren ta einbeslút opheft yn it foardiel fan lytsere en mear foarstendommen.<br/>
De term "Stamhartochdom", sa't it brûkt wie yn de Dútske skiedkunde, giet werom nei de [[njoggentjinde iuw]] en wie ynearsten tige besibbe oan de fraach fan nasjonale ienheid.