Dellebuorsterheide: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
red
Rigel 20:
}}
[[Ofbyld:Delleboersterheide 51.jpg|thumb|''Dellebuorsterheide'']]
De '''Dellebuorsterheide''' ([[Stellingwerfsk]]: ''Delleboersterheide''; [[Nederlânsk]]: ''Dellebuursterheide'') is in [[beek]]dellinglânskip fan 195 hektare bylâns it [[Tsjongerkanaal]] by [[Aldeberkeap]]. Yn it gebiet leit it heidemarke de [[Catspoele]]. De Hoarn jout in byld fan de rivierdúntsjes[[rivierdún]]tsjes, sa't dy eartiids folle mear lâns de rin fan de [[Tsjonger]] leinen. It gebiet wurdt beheard troch [[It Fryske Gea]].
 
== Skiednis ==
Sûnt de earste oankeap yn [[1951]] is it gebiet sterk útwreide, in proses dat noch altiten trochgiet. Om it karakter fan it oarspronklike beekdallânskipbeekdellinglânskip werom te krijen en te behâlden, hawwe der yngripende behearsmaartregelsbehearsmaatregels west. De heide is ôfstutsen en frijmakke fan beamopslach, puollen en âlde meänders[[meänder]]s fan de Tsjonger binne opskjinne en sleatten binne tichtmakke. Troch in talstikmannich wetterkearings te meitsjen is de wetterstân yn it gebiet ferhege en stiet der wer wetter yn de puollen. As resultaat fan de yngrepen binne de skerpe grinzen tusken de ferskate terreingedielte ferdizene, binne in soad lytse miljeugradiïnten ûntstien en is der in ôfwikseljende fegetaasje ûntstien.<br>
Ek de eardere kultuergrûn is oanpakt. De toplaach fan fiedselrike grûn is ôfgroeven en ôffierd, wylst it oarspronklike reliëf wersteld is. Dêrtroch binne heuvelige lânskippen mei plassen ûntstien, fergelykberferlykber mei de eardere situaasje.
 
== Floara en Fauna ==
Op de Dellebuorren sitte noch party [[amfibyen]] en [[reptilen]]. [[Heidekikkert]], libbenbaarjende hagedis en [[njirre]] libje hjir en ek de seldsume [[glêde slang]] oantroffen. Grutte stikken fan de Dellebuorsterheide binne drûch en begroeid mei [[biezemheide]]. [[beikeheide|Beikeheide]] foarmet der fraaie mozaïken. Mar ek wiete heide, wêrynmei in protte [[skrobberheide]] en [[seadsigge]], groeiegroeit hjir. [[bûtergers|Bûtergers]], in seldsum wurdende plant, bliuwt stânhâlden oan de foet fan de heuveltsjes. Oan de wat fochtige paden groeit it [[skieppeklokje]], in waardplant foorfoar it frij seldsume en hjir foarkommende [[gintsiaanblautsje]]. Dêrneist komme op de heide brune fjoerflinter, grientsje en heideblautsje foar.
 
Op de Dellebuorren binne wol 27 soarten [[libellen]] oantroffen, dy't ûnder oare gebrûk meitsje fan heidefintsjes, lykas bygelyks de seldsume fine pânserjuffer. De boaiem fan de boskjes mei [[simmeriik]], [[bjirk]] en en grouwe din is benammen begroeid mei [[bjint]]. De boskgebieten kenne de gewoane sjongerkes, mar ek [[mûzefalk]] en [[hauk]] briede der, krektas de [[beampiper]] en de [[beamljurk]]. Oan de boskrânen en yn it strewel binne [[gielfink]], [[swartkieltsje]] en [[paapke]] te sjen. Ek de [[das]] wennet yn it boskgebiet, op de heechlizzende flank fan de Tsjonger.
 
== Behear ==