Waskemar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 9:
postkoade = 8434 |
}}
'''Waskemar''' is in doarp yn it noarden fan de gemeente [[Eaststellingwerf]], tsjin de grins mei [[Opsterlân]] oan. It doarp hat 858 ynwenners (1 jannewaris 2009). It krige yn [[1954]] de doarpsstatus, dêrfoar hiet it Haulerwyk-Beneden en noch earder Cruijmte (KromtenKromte).
 
Waskemar wurdt ek neamd as ''Beneden Haulerwijk'' en ''Grut Waske Meer''. De namme is ûntliend oan in heidemarke dat sawat twa kilometer nei it westen leit. It marke hiet de ''[[Waskmar]]''. Dêryn waarden [[skiep]] wosken.
Rigel 15:
It doarp foel earder ûnder De Haule. Yn de omkriten waard earder turf stutsen. It fean wie doe besit fan de famyljes Lyclama a Nyeholt, Tjeard fan Aijlva, Livius Dirk fan Andringa en Daniel de Block. De famylje [[Lycklama à Nijeholt]] wie in famylje fan [[grytman]]nen tusken [[1647]] en [[1862]].
 
Doe’t it yn [[1953]] de status fan doarp krige, is it neamd nei in poel yn de Duerswâlder Heide, dy’t westlik fan it doarp op it grûngebiet fan Opsterlân leit. Yn [[1849]] blykt op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff dat der oan beide kanten fan de feart al kilometers langekilometerslange bebouwing groeid is. De westlike hoeke fan Beneden Haulerwyk is dan noch net ticht beboud.
 
Ungefear in heale iuw letter kaam der op dizze hoeke in koöperative suvelfabryk ta stân. Wer in lytse iuw letter is it fabryk, dat troch konsintraasje yn it suvelbedriuw al stillein wie, ôfbrutsen om romte te meitsjen foar wenningbou.
Rigel 40:
== Strjitten ==
* ''Alde Wyk'' - earste feart yn it doarp.
* ''Bakkefeansterwei'' - wei nei [[Bakkefean]].
* ''Biskopswei'' - namme komt fan biskopsleger en Biskopswyk. It wienen stikjes grûn om de Breeberchskâns.
* ''BreebergwegBreebergwei'' - Breeberch wie in fersterking út [[1593]] dy't oanlein waard troch [[Willem Loadewyk]], greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân.
* ''Kompanjonswei'' -
* ''De Fenne'' - stik lân dat ± 1800 al sa neamd waard.
* ''De Kromten'' - (''Ald-Nederlânsk: De Cruijmten'') wie de namme fan in feart wêrút de dwersfeart nei [[Haulerwyk]] dold is. It is de âldste namme út de skiednis fan Waskemar op in kaart út [[1748]].
* ''Feikemastrjitte'' - De hear Feikema wie earst opsjenner by de Kompanjons, letter waard hy boargemaster fan Eaststellingwerf.
* ''J. Roelswyk'' -
* ''Krúswei'' - âlde namme.
* ''Janssenstifting'' - nei [[Peter Wilhelm Janssen|P.W. Janssen]]
* ''Leidyk'' - De Leie is in stik ta kultuergrûn oanmakke dalgrûn tusken twa wiken. In Leidykleidyk beskermet kultuergrûn tsjin it fan heechfean kommende soere wetter.
* ''Krúswei'' - âlde namme
* ''Leidyk'' - De Leie is in stik ta kultuergrûn oanmakke dalgrûn tusken twa wiken. In Leidyk beskermet kultuergrûn tsjin it fan heechfean kommende soere wetter.
* ''P.W. Janssenwei'' - [[Peter Wilhelm Janssen|P.W. Janssen]] wie oprjochter fan de Janssenstifting. Hy hat de winst oan de skippersbern skonken.
* ''Skânsdyk'' - dyk nei de skâns [[Breeberch]].
* ''Skânsmarwei'' -
* ''Sint Baronstrjitte'' - Sint Baron wenne oan de Haadwei oan de feart op de hoeke dêr't dizze strjitte útkaam. De oanwenjenden moasten lâns de Bakkfeansterwei. De hear Baron ferliende rjocht fan oerpaad.
* ''Van Hasseltwei'' - Master S. van Hasselt wie yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] haad fan de iepenbiere legere skoalle en is yn de besettingstiid omkomd yn Dútse finzenskip.
* ''Wykwei'' - wei nei de wyk ta.
* ''Wijndelswei'' - David George Wijndels wie neist de famylje à NijehlotNijeholt ien fan de kompanjons dy'tdy’t ferantwurdlik wienen foar it graven fan de [[Drachtster Kompanjonsfeart]] dêr'tdêr’t de [[Haulerwykster Feart]] no in ûnderdiel fan is.
* ''Willem Kroezestrjitte'' - ek de skoalle is nei Willem Kroeze neamd.