It Réveil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
No edit summary
Rigel 5:
It Réveil kin beskôge wurde as in reaksje op it [[Rasjonalisme]] en waard beynfloede fan de [[Romantyk]], mystike streamings, it opgong metsjen fan idealystyske filosofy en en oanboaskjend nasjonaal besef. It hat syn ynfloed jilde litten op steatkundich terrein. Mei troch dizze beweging binne ein 19e iuw de anti-revolúsjonêrere en kristlike histoaryske partijen ûntstien, is allerhanne konkreet maatskiplik wurk oanpakt en is de kristlike sinding fan it Réveil oantrune. Ek de [[doleânsje]] wurdt troch guon wol beskôge as in ferfolg op it Réveil. Yn [[Ingelân]] wienen [[William Wilberforce]], [[John Wesley]] (oprjochter fan it [[Metodisme]]) en [[Thomas Chalmers]] wichtige fertsjintwurdigers fan dit geastlik oplibjen.
 
Yn [[Fryslân]] hawwe de mannen fan it Réveil, bygelyks dûmny [[Lucas Fockens]] (1763-1850) fan Snits, foaral yn de [[Súdwesthoeke]] ynfloed hân. Oant yn de jierren '50 wie dat te fernimmen oan it konfesjonele karakter fan de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke]], it omtinken foar sinding, it oantal kristlike skoallen en it relatyf lege tal Grifformearde tsjerken yn dy kontrei.
 
== Sjoch ek ==