Alvestêderider: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 24:
It [[brûns|brûnzen]] stânbyld toant in manljusfiguer ta fuotten út. De man is ridend ôfbylde, mei syn lichem nei foaren ta bûgd, de hannen op de rêch en mei de redens ûnder.
 
Op de sokkel fan Italjaansk natoerstien steane ûnderoan de nammen fan de [[Fryske alve stêden]]: [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Snits (stêd)|Snits]], [[Drylts]], [[Sleat (stêd)|Sleat]], [[Starum]], [[Hynljippen]], [[Warkum|Warkum]], [[Boalsert]], [[Harns (stêd)|Harns]], [[Frjentsjer]] en [[Dokkum]].
 
Op de sydkant is in ynskripsje oanbrocht dy 't nei elke offisjele Alvestêdetocht bywurke wurdt. Dêrop steane de datums en winners fan de tochten sûnt 1909: [[Minne Hoekstra]], [[Coen de Koning]], [[Karst Leemburg]], [[Abe de Vries (reedrider)|Abe de Vries]], [[Sipke Castelein (reedrider)|Sipke Castelein]], [[Piet Keizer]], [[Auke Adema]], [[Cor Jongert]], [[Dirk van der Duim]], [[Sjouke Westra]], [[Sietze de Groot]], [[Jan W. van der Hoorn]], [[Jeen van den Berg]], [[Reinier Paping]], [[Evert van Benthem]] en [[Henk Angenent]]. De Koning, Adema en Van Benthem ha de tocht twa kear wûn, harren nammen binne dan ek twarres byskreaun. By 1956 waard allinnich de datum opnomd, der waard dat jier gjin winner oanwiisd.