Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 23:
{{Apart|Berte fan Jezus}}
Neffens it evangeelje fan Lukas wennen [[Joazef fan Nazaret|Joazef]] en [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] yn [[Nazaret]] yn de streek [[Galiléa]] yn it noarden fan [[Israël]], mar waard Jezus berne yn [[Betlehem]] (de stêd fan [[David fan Israel|David]]), om't der om dy tiid hinne in [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[folkstelling]] holden waard. Eltse ynwenner fan it gebiet dêr't [[Herodus de Grutte]] ([[37 f.Kr.]] - [[4 f.Kr.]]), de Romeinske fazalkening, hearske, moast himsels ynskriuwe litte yn de oarspronklike bertestêd fan de foarfaars. Joazef, de oansteande fan Marije, wie fan oarsprong fan [[Judea]] en fan wa't kening David de foarfaar fan wie. Hy kaam oarspronklik út Betlehem, dêrom moast er mei Marije, dy't fierhinne swier wie, nei Betlehem reizgje en registrearje him. Hja besochten in sliepplak te finen, mar alle herbergen wiene fol. Einlings waard Jezus berne yn in romte dêr't in foerbak, in krêbe, stie, dat neffens in soad oersettings in feestâl wêze moatten hie.
Joazef en Marije krigen dêrnei besite fan pleatslike hoeders, dy't troch in mannichte [[Ingel|ingels]] oer de berte fan de Messias op de hichte steld waarden. Neffems it evangeelje fan Mattéus krigen hja besite fan [[Wizen út it Easten|wizen út it Easten]], gelearden, dy't in reis fan fierren makke hiene, troch in nij ûntdutsen stjêr de berte fan in kening fêst te stellen. It tal wizen wurdt yn de Bibel net neamd. Herodus I de Grutte wie de kening fan de [[fazalsteat]] [[Judea]] fan it [[Romeinske Ryk]]. De wizen kamen earst by him op besite, om't hja begrepen hiene oan de stân fan de stjêr dat dat der in kening berne wie. Herodus ûntbea doe in tal skriftgelearden om sekuer nei te gean wêr't it plak wêze koe. Hja koene op grûn fan in tekst yn it boek [[Micha (bibelboek)|Micha]] fan it Alde Testamint oan de kening sjen litte dat it Betlehem wie.<br/>
Herodus liet de wizen him tasizze en fertel him wêr't dy kening presiis wie, nei't hja him fûn hiene. Herodus hie noed om syn troan doe't er fernaam dat der in mooglike konkurrint berne wie en woe dat gefaar tefoaren komme. De wizen waarden yn in dream lykwols warskôge dat Herodus kweade bedoelings hie. Dêrom giene hja, nei't hja Jezus en syn âlden opsocht hiene, fia in omwei wer werom nei harren thús. Om wis te wêzen dat de oansteande kening fan de Joaden it net oerlibje soe, liet Herodus alle jonges fan ûnder de twa jier yn Betlehem ombringe. Dat barren stie bekend as de [[Bernemoard yn Betlehem]]. Mar Jezus ûntsnapte oan dat moardzjen, om't syn âlden mei him op tiid nei [[Flecht nei Egypte|Egypte flechten wiene]], nei't hja yn in dream warskôge waarden. Nei de dea fan Herodus kamen hja lykwols net werom nei Judea, mar ferfearen hja nei Galilea yn it plak Nazaret.